Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
5 april 2006
Wepperkes -freed-
7 april 2006

Futsal: SDS 1 wint lêste wedstryd
SDS 1 hat de lêste wedstryd fan it seizoen yn winst omsette kinnen. Mei 2 fanatike en hûnstroue supporters(Klaas O. en Jan C.) op de tribune waard ZVF yn Easterein mei 4-2 ferslein. De doelpunten waarden makke troch Peter(2x), Robert en Feite. It futsalseizoen is noch net hielendal bard foar de heren. Sy sille it seizoen noch efkes in kear mei syn allen gepast ôfslúte. Sy sille dus wol yn in kroech bedarje….

Ype skoort net
Ype Tiemersma is oan ’t no ta noch altiten topskoorder fan de SDS-senioaren. Wy hawwe beeldmateriaal fûn wêr ’t út blykt dat Ype net altiten skoort(klik
hjir en hjir).

50 jier
Us
jierdeiskalinder jout in moai byld wannear de SDS-ers harren jierdei hawwe. Der binne fansels ek SDS-ers efter de skermen. Wat te tinken fan Alie Postma. Grutbrocht mei it folleybeljen yn Reahûs, troude mei in bij SDS fuotbaljende man Chris en sij krigen 3 jonges dy’t alle trije fanatike fuotballers binne bij SDS. At er ien in SDS hert ha moat dan is it Alie wol, mei al dy wask en dat SDS praat oan tafel. Alie is juster 50 wurden. Fan herte lokwinske!

Cheerleade
Sneon om 19.00 meie de heren fan SDS 1
cheerleade foar de froulju fan COVOS as tsjinprestaasje fan de ferlearen follybalwedstryd tusken beide teams. It wurdt de muoite wurdich om sneon efkes yn de sporthal te sjen. De A-seleksje hat al spesjaal oan ’t trainen west op hupkes en dûnspaskes en de froulju hawwe foar de heren in tenue útsocht. Dit sil it ûngefear wurde……..

As dat mar past………..

Sponsors Ajax-boerd
Wy hawwe de foto fine kinnen fan de sponsors fan it Ajax-boerd. Jammer genôch is dit noch altiten net it origineel. Wol degene dy ’t it origineel hat him maile nei info@vv-sds.nl? It giet om dizze foto.

Klik op de foto om him wat better te besjen.

We are the champions
Dit is de titel fan it bekinde liet fan Queen. Mar wat sjonge je no feitlik.
Hjir kinne jim de tekst fine fan dit liet. Ek op dizze side steane mear as 5000 fertaalde teksten fan in hiele protte artiesten.

Wêrom Kalou net slagge is foar syn ynburgeringseksamen
Kalou is noch altiten net slagge foar syn ynburgeringseksamen. Te sjen oan syn antwurden hat hy net bot oan ’t leren west. Sjoch hjir mar ris nei syn antwurden(klik hjir).

Kalou dochs nei ’t WK??
Salamon Kalou is dan wol net slagge foar syn ynburgeringstoets, mar hy giet wierskynlik al nei it WK. Net foar Nederlân, net foar Ivoorkust, mar foar ……it sil dochs net???.(klik hjir).

Polityk
Wij fine polityk mar in frjemde oangelegenheid. Earst moatte wij stimme yn de gemeente en dan ropt de winnende partij: “it makket neat út fan welke partij in wethâlder is”. Wij hoege dus net wer te stimmen en dêr kinne wij net om gnize. Wol om te gnizen is dit 
koarte filmke.