Wepperkes -woansdei-

SDS League: 2 wykpriiswinners!
4 april 2006
Wepperkes -tongersdei-
5 april 2006

Futsal: Lêste wedstryd
SDS 1 spilet jûn syn lêste wedstryd fan it seizoen. Sy spylje jûn om 20.00 oere thús tsjin ZVF. Kom dus mar efkes sjen!

Kampioen!!
Yn de futsalkompetysje fan SDS 1 is Exstador út Harns al lang en breed kampioen. Mei noch 3 wedstriden te gean hawwe sy 9 punten foarsprong op de nûmer 2 Urk dy ’t al útfuotballe is. Exstador hat dizze kompetysje op ien nei al syn wedstriden wûn. Tsjin Leeuwarden spilen sy lyk. SDS 1 ferlear 2 kear krekt fan de Harnsers. Yn Harns waard it 4-3 en yn Easterein 5-4. De winnende goal waard beide keren makke yn blessuretiid…..

SDS B1 swier ûnderút
SDS B1 hat juster mei 7-0 thús ferlern fan Zeerobben B1.

Keepersprobleem?
De senioaren fan SDS sieten sneon net rom yn de keepers. Remco Brouwer(SDS 1) wie blesseard, Sjoerd van Beem(SDS 3) wie siik en Pieter Groenveld(SDS 5) mei fakânsje. Marco Hoekstra(trainer A1) mocht dêrtroch ek wer ris opdrafe as keeper. Dit kear by SDS 3. Jappie Wijnia mocht mei as keeper fan SDS 2 en siet by SDS 1 op ‘e wissel. Wy hawwe ek heard dat Liuwe Meijer by SDS 3 in skoftke op de goal stien hat…

Kninepleach?
Op de webside fan BCV wie ek de foto fan ôfrûne sneon te finen fan de knyn en de woartel. Hjir is ‘ie nochris. It ûnderskrift komt fan de webside fan BCV. 
Konijneplaag op sportcomplex Het Koningsland te Burgum???
Foto 1: Konijneplaag op sportcomplex Het Koningsland te Burgum???

Mei de bus?
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 thús tsjin Noordscheschut. Wy binne benijd as dizze Drinten ek mei de bus komme.

Sjonge
Op de tribunes fan SC Heerenveen sitte wol aardich wat SDS ‘ers mei in seizoenkaart, mar miskien steane der noch wol mear. Û.o. Gearard Posthumus, Pieter Liuwe van der Valk, Pieter Kamstra, Sjoerd van Beem, Wesley Hoitinga, Jan Stenekes en Willem Wijnia binne allegear te finen yn it Nieuw-Noord-fak. Dit is it meast kabaalmeitsjende diel fan it Abe Lenstrastadion. Lústerje hjir mar. As je de boksen goed lûd sette dan heare je Gearard der boppe-út.


Hast 50.000!
De besikersoantallen fan ús webside nimme noch altiten ta. Dit jier hawwe wy hast alwer 50.000 besikers hân.

Pageviews per jaar –
  2002 2264
  2003 18247
  2004 84378
  2005 153637
  2006 48633
  Totaal 307159

The Secret
Gerrit Hingst(SDS 3) is op it heden noch net wer oan ’t fuotbaljen wêrtroch der wat mear tiid hat foar syn oare hobby; The Secret. Mei dizze band hat hy no in priis wûn. Sy hawwe as beste Fryske band it nûmer “Het Lied van de Vrijheid” fan Thé Lau bewurke. Sy meie no op 5 maaie spylje op it Bevrijdingsfestival yn Ljouwert. Op dizze webside kinne jim wat nûmers fan The Secret belústerje. Freed spilet The Secret op The Bolwerk Battle(foarhinne “kleine prijs van Sneek) yn It Bolwurk yn Snits. 

Noait wer….
As SDS 3 kânsen missen giet as dizze dan winne sy noait wer in wedstryd(klik hjir).

Letter mear!