Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
5 april 2006
Seleksjes sneon 8 april
7 april 2006

Feroare?
Juster is der wat feroare oan de begjinside fan ús webside. Wy binne benijd as it jim ek opfallen is. Mail ús as jim witte wat der feroare is. Mail nei info@vv-sds.nl.

Swarte list

Sara Paretsky skreau ea in boek mei as titel “Zwarte Lijst”. Yn de rin fan nije wike komt Eddy de Boer mei syn “Swarte list”. Dêrop sille alle leden stean dy’t noch gjin pasfoto ynlevere hawwe foar de spilerspas. Neffens Eddy is it noch wol ûnwis at de list wol op dizze side komt. Dit omdat ien fan de twa wepmasters syn foto en formulier ek noch net ynlevere hat.

Programma SDS 2
It wedstrydprogramma fan SDS 2 is aardich feroare troch alle wedstriden dy ’t de ôfrûne wiken net trochgienen. Klik hjir foar it nije programma. SDS 2 spilet moarn thús tsjin Noordscheschut 2 en tiisdei út tsjin Olde Veste 2.

Yn it nijs
Ek hjoed steane de twa SDS miljonairs yn spee wer yn de belangstelling. Yn de Ljouwerter krante stiet
dit artikel.

Wa hat no skoord?
Der binne no al 2 man dy ’t sneon in goal fan SDS 4 op namme krigen hawwe. Ype hie skoord(fansels) en de oare goal wie makke troch Eeltsje(neffens Trienus) of Bas(neffens Eeltsje). Neffens Ype wie it Roel……. It wie sneon dan ek 1 april.

Werom yn de tiid
Fan Jan de Jong krigen wij juster it jubileum nummer fan de Treffer fan 1972. De kommende tiid sille wij dêr wat mear fan sjen litte. Wij begjinne hjoed mar efkes mei in krease pentekening fan de Skoalleseize, dy’t doe noch net sa hjitte.

Mear wepperkes
Yn de rin fan de dei sille hjir hjoed mear wepperkes te finen wêze.

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes foar moarn fine.

Wa moat mei nei it WK?(4)
Franz Beckenbauer lit geregeld witte dat hy net sjarmeert is fan it belied fan de Dútse bondskoach Jürgen Klinsmann. Mocht Klinsmann der al noch útfleane foar it WK dan hoopje wy dat Lothar Matthaüs him opfolget. Wy sjogge no al út nei syn Ingelske parsekonferinsjes(klik hjir).

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it nei
info@vv-sds.nl!