Wepperkes -tongersdei-

Burgum, we komme deroan!!
22 maart 2006
Wepperkes -freed-
24 maart 2006

Ideeën?
SDS bestiet folgend jier 60 jier! Dit is fansels in feestje wurdich. Akke, Dukke, Meinte en Popko sitte yn de jubileumkommisje fan SDS. Sa as it no stiet wurd dit jubileum fiert op sneon 25 augustus 2007. Hat immen in idee as wol dy oars wat kwyt oer ’t jubileum, mail dit dan nei: popkowijnia@planet.nl.

Blikfanger
Yn de Treffer fan oktober skreau Sibe de Seefûgel it folgende stikje:
Wat myn argewaasje ta grutte hichte driuwt binne de fernielings en fersmoarging dy’t bij it fytspaad tusken Wommels en Easterein oanbrocht wurde. Wy as fûgels hawwe neat op mei al dy ljochtpeallen mar jim moatte net tinke dat wij se hieltyd omtriuwe en ferniele. Nee, dat binne minsken en ik tink fan jonge minsken. En dy rotsoai dy’t oeral mar del smiten wurdt en dêrfan kinne de dieders bij de jeugd socht wurde. Ik pleitsje dan ek foar in blikfanger, sa’t je dy ek op oare plakken faak sjogge
Sis dus nea wer dat gemeenten net harkje nei it folk, want sûnt dizze wike docht bliken dat dizze gemeente sels nei it fûgeltsjefolk harket. Tusken Wommels en Easterein stiet er.

Spitich fansels dat ús Fryske gemeente der net in “blikfanger” fan makke hat.

Knyntsjedei yn Burgum
1 april is it knyntsjedei yn Burgum.Op it fjild wêr’t kninen de baas binne sille SDS en BCV stride. Wij hawwe heard dat de gatten sa grut binne dat Harmen Stremler der yn wei wurde soe. Ek sille der ferskillende ballen fuortreitsje sadat er meardere ballen oanbean wurde troch de sponsers. SDS komt mei in ferrassende seleksje nei Burgum dat kinne wij no al fêst sizze. Mei mannen dy’t romme knine erfaring hawwe. Begjin nije wike kinne jim dêr fan alles oer lêze, want de huidige seleksje sil earst Dronten noch ferslaan moatte.
Underwilens rint de earst knyn yn swart wyt al rûn yn Burgum, neffens ús korrespondint dêr.



Grapke!
Der binne skiedsrjochters dy ’t net sa goed oer in grapke kinne(klik
hjir).

Gjin wereldkampioen
Der binne minsken dy ’t der wis fan binne dat Nederlân kommende simmer gjin wereldkampioen wurdt yn Dútslân. Dit is de reden(klik hjir).

Letter mear!