Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
22 maart 2006
Seleksjes -sneon-
24 maart 2006

Eindelijk
Sil it dan moarn eindlik safier wêze dat alle teams fan SDS fuotballe kinne? It docht wol dúdlik bliken dat eltsenien der in soad nocht yn hat. Sa ’t it no liket hawwe alle senioreteams mear as genôch minsken. Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes besjen.

Dirk-Yde is werom
Dirk Yde en syn sus Wilma binne werom út Barcelona. Jûn kinne jim hjir de foto’s besjen. Hjir alfêst de primeur:

Dirk-Yde hâldt Frank Rijkaard in kontrakt foar as adviseur fan SDS.

Fier fuort
It 2e sealteam fan SDS sil jûn besykje om de folgende ronde fan de beker te heljen. Sy moatte der al wat foar dwaan. Sy moatte om 19.30 fuotballe yn Winschoten tsjin WMC 3. Sy geane dan ek al om 17.30 fuort. Sjoerd van Beem sil mei as reporter foar de Treffer mar fansels mei namme as supporter.

Wedstrydsponsors
Dit binne de wedstrydsponsors foar moarn fan SDS 1 – ASV Dronten 1:
*Schilders-/ en klussenbedrijf Jaap van der Velde. 
Deze eenmanszaak is sinds 2002 aktief in en rondom Easterein en richt zich metname op het schilderswerk in de nieuwbouw, het onderhoud en de renovatie. Maar ook voor overige kluswerkzaamheden een betrouwbaar adres.Tel. nr. 0515-331118. 
*Berino The Art of Beauty
Een metamorfose, een ontspannende massage of een hoofdhuidanalyse ? Bij Berino The Art of Beauty in Grou smelten beauty, wellness en haarverzorging samen.In een modern pand langs de snelweg Heerenveen – Leeuwarden is sinds kort het nieuwe totaalconcept van Ino en Bertina van den Berg gevestigd. Het Grouster kappers- echtpaar liet niks aan het toeval over en creëerde met Berino The Art of Beauty een zelfs voor Nederlandse begrippen toonaangevend haarverweninstituut.

Treffer redaksje ferwend

It noch jonge bedriuw fan Wichard Deinum WD-Sat hie it juster goed foar mei de Treffer redaksje. Aukje hie in moaie skaal mei tsiis, woarst, nútsjes en koekjes klear makke en sokke gebaren stelle de redaksje leden tige op priis. Jim kinne yn de kommende Treffer sjen werom Wichard ta dizze aksje oergien is.
In goed foarbyld docht goed folgen tochten wij sa.

Wantenferkeaper
Gerard van Asselt is fan alle merken thús. De iene wike is mei trainingspakken op in paad, de oare wike hat hij skuon yn de oanbieding. Dizze wike steane de keeperswanten sintraal. Yn de kantine joech hij in demonstraasje hoe’t je sokke dingen no it beste oandwaan kinne.

Berltsum hat net folle kâns
SDS 3 moat sneon tsjin Berltsum 2. It is no al hast wis dat de katten gjin doelpunten meitsje sille want Sjoerd van Beem stiet op it doel. En hij hat nije wanten. Ferkocht troch Gerard mei in “nuldoelpuntentsjin” garansje fan 3 wiken.

Wa moat mei nei it WK?(3)
Hoe tichterby it WK komt hoe mear fuotballers fine dat sy yn de seleksje heare fan it Nederlâns alvetal. No ’t Kalou heechstwierskynlik net mei giet fine wy dat dizze ex-Ajacied eins al mei moat(klik 
hjir).

Fan herte!
Hjoed binne Geert Dijkstra(A1) en Harm Abma(trainer B1) jierdei. Fan herte!
  
Geert(19 wurden) en Harm(mei wy net sizze…)

Letter folle mear!