Wepperkes -tongersdei-

Nije sponsormooglikheden by SDS?
8 maart 2006
Fritz Korbach op sponserjûn!
10 maart 2006

Futsal: SDS 2 nimt opsje op titel
SDS 2 wûn juster mei 11-2 fan Flevo Boys. Hjirmei makket SDS 2 noch altiten kâns op it kampioenskip. Klik hjir foar it ferslach fan de wedstryd fan SDS 2.

Futsal: SDS 1 wint wer
SDS 1 wûn juster alwer foar de twadde kear op rij. Klik hjir foar it ferslach fan de wedstryd tsjin Leeuwarden 1.

Doelpunten futsal
Yn ‘e seal wurdt der meastentiids in soad skoort. It is dan ek dreech om alle doelpuntenmakkers by te hâlden. Dochs wurdt dat by SDS 1 en 2 dien. Klik hjir foar de doelpuntenmakkers fan SDS 1 en hjir foar dy fan SDS 2.

Kloateballen
Ek juster waard de wedstrydbal fan SDS 1 wer ôfkeurd troch skiedsrjochter Skripsema. SDS is dan ek hurd ta oan nij futsalballen. As it goed is dan krije sy dy oan it begjin fan it nije seizoen.

Fritz Korbach
De manager fan Fritz Korbach waard fan ‘e wike skille om te freegjen as Korbach noch wat winsket op de sponsorjûn fan freed. Wol hy b.f. sigaren op tafel stean hawwe, wat drinkt hy en moat ien fan de sponsorkommisje him wer thús bringe? Korbach blike net folle winsken te hawwen. “Graach rooie wyn en moaie wiven en fedder niets”, wie it dúdlike antwurd fan Korbachs manager.

Moarn komme wy mei in foarbeskouwing op de sponsorjûn mei Fritz Korbach.

Grien
By de FC Groningen binne sy hielendal gek fan grien. It stadion is grien, it gêrs ek(noch) en ek de útsjurts binne hielendal grien. Dit smyt de Grinsers allinne net folle op. It docht bliken dat sy noch nea wûn hawwe yn it griene sjurt. 14 kear waard der yn fuotballe. 12 wedstriden waarden der ferlern en 2 waarden lyk spile.
Hoe sit dat eins mei de útsjurts fan SDS?

Better traapje
It giet dit seizoen net super mei SDS. De rissultaten fan de measte ploegen binne wat ûndermaats. Feike Jorritsma kaam mei in goeie tip. Miskien moat der mear oefene wurde op de traptechnyk(klik
hjir).

Theo Maassen
Theo Maassen is ien fan Nederlâns beste kaberetiers. Hy hat allinne net folle ferstân fan fuotbaljen. Hy is namelijk gek fan PSV. Wol kin hy moai oer fuotbal(lers) prate. Hear hjir mar ris(klik
hjir).
P.s. Om dit stikje te hearen hawwe je Real Player noadich.

Ynburgeringstest
Salomon Kalou moat fan minister Verdock meidwaan oan de Nationale Inburgeringstoets. Dizze toets stiet ek op it ynternet. Wy snappe no wêrom ’t Kalou hjir fanôf sjocht. Dit hellet der noait. Dirk-Yde Sjaarda kaam net fierder as in 5,5 en Willem hie in 6,1. Klik hjir om de toets ek te meitsjen.


Letter mear!