Nije sponsormooglikheden by SDS?

Wepperkes -woansdei-
7 maart 2006
Wepperkes -tongersdei-
9 maart 2006

Ek by SDS is de kommersje tige wichtich. Fuotbaljen kostet ommers jild en dat kin net allinne opbrocht wurde troch de leden. De fjilden moat ûnderhâlden wurde, der moat ballen wêze, de sjurts moat útwosken wurde, der moat nei útwedstriden riden wurde en noch folle mear.

Op de tillevysje kin je by it fuotbaljen by tiden wol gek wurde fan al dy kommersje. B.f. op Talpa hawwe je de iene samenvatting noch net sjoen of der komt alwer reklame. Kabaretier Theo Maassen hat der yn syn nijste stik in moai antwurd op. We skaffe de reklames ôf en dan sponsorje wy foartaan de spilers. Yn de samenvatting van PSV wurdt dan net langer praten oer André Ooijer en Philips Cocu. It wurdt dan:
Andrélon Ooijer en Philips Cocu.

Miskien is dit foar SDS ek in idee. Enne Jehannes hoecht dan sneontemoarns betiid ek gjin reklamebuorden mear op te hingjen. Op de webide fan SDS kinne wy it foartaan wol hawwe oer:


– Sjoerd van Beemsterkaas


– Lieuwe van der Brugman Keukens


– WiSAT Deinum

Sa binne der fansels noch mear lykas:
– Janssen Sport Stenekes
– Jelle de Appelboer
– ensfh.

Witte jim mear? Mail se nei
info@vv-sds.nl!