Wepperkes -tongersdei-

Nijs fan de aktiviteitenkommisje!
18 januari 2006
Battle of …(foto’s en …)
20 januari 2006

Better follyballe
De sealfuotballers fan SDS 1 moasten justerjûn yn de Trije yn Frentsjer spylje tsjin ZVF. Yn de kantine waard foar de wedstryd it folgende opfongen: “Kenne we niet beter tegen dy jonges follyballe? Se ferlieze sels fan dames…………”

Futsal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 hie miskien ek better follyballe kinnen tsjin ZVF. De wedstryd waard mei 4-1 ferlern. By de rêst wie ’t noch 0-0. 15 sekonden nei de rêst kaam SDS mei 1-0 efter. Harm makke der 1-1 fan. Der wie moeilijk troch de ferdideging fan ZVF hinne te kommen. Út inkelde counters rûn ZVF nei de 2-1 út nei 4-1.
Folgende wike spilet SDS 1 thús tsjin Avanti 2.

Futsal: SDS 2 wint rom
SDS 2 hat juster goeie saken dien. Wêr ’t út noch ferlern waard fan RENADO waard no mei romme sifers wûn. It waard 11-1. Klik hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde.

Futsal: Ek SDS 3 wint
Nei in 1-0 efterstân wit SDS 3 úteinlik dochs noch te winnen. It waard sels noch in romme oerwinning. SDS 3 wûn mei 7-1 fan Bolswardia. Ien fan de goals waard makke troch Hendrik Okkema. Foar de rest haww wy gjin idee.


Oefenwedstryd giet net troch
SDS 1 hat jûn gjin oefenwedstryd. Der wurdt gewoan traint om 19.00 oere.

Rentree
Der sit in kâns yn dat Kees “Kruk” Adema jûn syn rentree makket op de training by SDS 1. Hy hat te kinnen jûn dat hy syn stuudzje aardich op ‘e regel hat en dat der tiid hat om te fuotbaljen by SDS. Kees hat in soad draaft de lêste tiid en makket in fitte yndruk. Hy sil seker in fersterking wêze foar SDS 1.

Kees “Kruk” is werom by SDS 1.

SDS League
It is in hiel wurk om de SDS-League wer foar elkoar te krijen. Tink je dat je de goeie seleksjes hawwe en dan giet der wer in spiler fuort. Klik hjir om de transfers oan ’t no ta te besjen. Neffens ús bronnen stean der mear spilers op it punt harren klup te ferlitten:
*Samaras(nei Arsenal?)
*Van Hooydonk(nei SC Heerenveen?)
*Lazovic(nei SC Heerenveen?)
*Rafael(nei SC Heerenveen?)
*Rosales(net nei River Plate?)
*Joey Gudjohnsson(nei AZ?)
Wy hoopje dochs dit wykein de nije formulieren foar de SDS-League klear te hawwen.
 
Fûgelgryp?
Jan Stenekes wie tiisdei net te trainen by SDS 3. Neffens syn beste maat Sjoerd hat hy de fûgelgryp……


Letter mear!