Evenementen in december 2022

Wepperkes -tongersdei-
19 januari 2006
Wepperkes -freed-
20 januari 2006

De manlju ferlearen snein The Battle en moatte no as tsjinprestaasje by de lêste thúswedstryd fan de COVOS-froulju cheerleade. Dit nei it idee fan Feike Jorritsma(en in bytsje fan Aant). Hjir alle opsjes dy ’t wy krigen:

*Foar de froulju; in moanne lang de fuotbalskuon fan de mannen poetse, nei eltse wedstriid.

Foar de manlju; in moanne lang de tennues fan de froulju waskje, inklusief it underguod dat se mei de wedstriiden oan ha. 
Groetnis Sjoerd (Sjoerd dy’t mei Jan it liften net wûn)

*Tsjinprestaasje COVOS 1: Miskien is it wol in leuk idee om de dames in kear mei traine te litten op in kâlde trainingsjûn. Se binnen fansels wol tige ferwend in dy droege en foaral waarme sporthal. Bin ik benijd at se sunder hun hannen te bruken foutbalje kinne. En oars mar op goal!!
groet, Anco

*De mannen winne , dat stiet fêst. Dus hoech ik allinne mar wat te betinken foar de froulju. Ik wit út tige betroubere bron dat dizze selde froulju op it punt stien ha om op de Fryske dei cheerleader te wêzen. Ik wit ek út betroubere bron dat sommigen net doarden.
Ik stel foar dat se in werkansing krije bij de lêste thuswedstryd tsjin CVVB. Degradaasje wurdt dan ôfwimpele en nei de tiid is der feest. Livemuzyk is sa wie sa oanwêzich.
Groetnis, Aant

*De froulju winne dus dêrom liket it my wol in aardige opdracht foar de mannen om nei harren ferlies de auto’s fan de froulju skjin te meitsjen. Inkele dames hawwe gjin auto, mar de fyts is ek wol ta oan yn goeie skjinmakbeurt.
Groetnis Anna-Marie Wijnia-Kuindersma

*Ik ha noch in tsjinprestaasje foar dy. It is wat let, mar alle goeie dingen komme let!!! Organisearje tidens de lêste thuswedstriid fan de froulju yn Easterein in gesellich feest. Soargje dat de tribune en de kantine nei de tiid lekker fol sit. 
Ha we oan it ein it seizoen noch wat te bepraten hihi. Sjen hoe sterk de ferhalen dan binne!!!! 
Groeten Martina

*Yn beide gefallen soene de ferliezers bij de earst kommende wedstriid fan de winners oan ‘e kant stean kinne as cheerleaders compleet mei pompoenen of hoe dy dingen ek mar hjitte om de winners oan te moedigjen.
Groeten, Feike.


Titus hat snein net allinne biertaape, mar ek in soad foto’s makke rûn The Battle of the Sexes. Hjir binne se:


De froulju dogge der alles oan om waarm te wurden.


De manlju krije it wol waarm troch nei de froulju te sjen.


Nei it ferlies fan de 1e set hâlde de manlju noch moed.


Der kaam in soad publyk op The Battle ôf. As wy Titus leauwe moatte dan sitte hjir sa ’n 100 man.


Jeroen hie it drok mei it jild tellen fan de poule dy ’t opsetten wie.


De measten gienen der fanút dat de froulju it winne soenen. De earste 4 minsken dy ’t ynsetten dy gienen foar 3-0. Mear mochten hjir ferfolgens net op ynsette. Dizze 4(Foukje D, Froukje B., Martine en Robert S(??!!) gienen dan ek mei de pot nei hûs.


Yn de 3e set sil it nochris wurde……


Robert sjocht it hielendal sitten. Dy pot(…mei jild) is foar him!!


De mannen(behalve Robert) binne úttelt nei it 3-0 ferlies.


By in tekoart oan stuollen waard der in krukkedûns organiseare.


Ek “fuotsjes fan de flier” dy ’t goed.


“Wa sit dêr boppe yn dy peal?”
“Tink derom! Bliuw in bytsje oan de kant, asen dondert hy nei beneden”.


En dêr is Skelte. Set ‘em op!


“Hoe liket it sa?”


Skelte wol letter graach by de brandweer.


Jan mocht de kamera ek efkes fêsthâlde.


“Kinne wy net ris tsjin dy froulju biljerte, Jan? Do kinst no ek meidwaan”.


It nivo sakke aardich sa stadich de jûn.

Mear foto’s fan The Battle binne te besjen op de webside fan Jaring Rispens(klik
hjir).