Nijs fan de aktiviteitenkommisje!

Wepperkes -woansdei-
17 januari 2006
Wepperkes -tongersdei-
19 januari 2006

Nijs fan de aktiviteitenkommisje.

De earste aktiviteit yn it nije jier wie in grut sukses. Oan de snertrin ha mear as fyftich minsken meidien. Wy hoopje mei  ús earstfolgjende aktiviteit likefolle, sa net  mear, minsken wolkom te hiten. Dit soe wêze moatte op 24 february 2006 om 20.00 oere yn de kantine. Wy binne dan fan doel om in kaart- en spultsjejûn te organisearen. De spultsjes dy’t spile wurde sille binne yahtzee en catan. Foar de kaartleafhawwers sil klaverjassen organisearre wurde. Om it gehiel yn goeie banen liede te kinnen wurd fersocht om op tiid oanwêzich te  wêzen.

Fierder binne we fan doel om by genôch dielname op 22 april in busreis foar de útwedstriid nei Holwierde te regeljen.

De lêste kompetysjeronde is fêststeld op 6 maaie. It liket ús aardich om dan it seizoen ôf te sluten mei in feestlik stikje muzyk

De aktiviteitenkommisje

Set dus alfêst yn de aginda:
  
*Freed 24 february 20.00 oere:
Spultsjesjûn SDS(klaverjasse, Yahtzee en Catan)


*Sneon 22 april:
Mei SDS 1 mei de bus nei Holwierde.


*Sneon 6 maaie:
Lêste thúswedstryd SDS 1 mei nei ôfrin in stikje musyk.