Wepperkes -tongersdei-

The Battle is begûn(2)!
11 januari 2006
Midwintercup 2006
11 januari 2006

De Treffer
Jim hawwe in wike langer tiid om jim kopij foar de Treffer yn te leverjen. Wij soene nije wike mei in nije Treffer komme, mar dat stelle wij efkes út. Want kommend wykein binne der wat eveneminten dy’t wij graach meinimme wolle yn dizze dochs rêstige fuotbalperioade. Tink oan de midwinterkup en the battle of the sexes. Dus kopij graach foar nije wike tiisdei.

Alvestêdentocht
De 11 stêdenkoarts is losbrutsen yn Wommels. Neidat Anne Brouwer “ït giet oan” rôp, wurdt hij sûnt koart al oansprutsen as Anne Kroes en syn barkeepers moatte it dwaan mei de titel rayonhaad. Harren leuke
oankundiging wolle wij jim net ûnthâlde.

Eddy hat syn nocht
Efkes in meidieling foar Siep Boonstra, Tjeerd Dijkstra en Hendrik Okkema. Jim freon Eddy giet net wer mei nei de wedstriden fan Ajax. Hij doarde it jim noch net sels te fertellen. De reden dêrfan hoege wij jim fansels net út te lizzen. Hij is gelyk oerstapt nei in oare (bettere ) klup.


Fraachje
No ’t wy de kenniskwis foar dit jier alwer hân hawwe wol dit net sizze dat wy gjin fragen mear hawwe. Hjir komt der wer ien:
Welke trainer by Ajax hat foar it lêst syn hiele kontrakt útsitten en wa ’t dus net foar it ein ûntslein?
Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl!