Wepperkes -tongersdei-

SDS League: Flyer pakt wykpriis!
23 november 2005
Wepperkes -freed-
25 november 2005

Futsal: SDS 1 futsal wint nei iepen duel
Der moasten punten komme om oansluting te krijen mei de middenmoat. De punten kamen der. Yn in iepen wedstryd wist SDS nei in rêststân fan 1-1 úteinlik te winnen mei 5-2 fan FCL 2. Oan beide kanten in protte kânsen mar Jan Simon wie bij SDS wer yn grutte foarm.
1-1 Robert
2-1 Tsjipke
3-1 Feite
4-2 Willem (op de noch net sa suksesfolle nije skuon) 
5-2 Robert

Panna’s, akka’s of sleeps
Justerjûn dy der by FCL 2 in jonge by dy ’t in soad kuenstkes mei de bal koe. Lokkich genôch foar SDS 1 koe der net sjitte. Wol stjoerde der geregeld in SDS ‘er it bosk yn. Klik hjir om te sjen wat foar kuenstkes der allegear út de hege hoed helle(mei tank oan Dirk-Yde). 

Futsal: SDS 2  wint rom
SDS 2 hat justerjûn mei 5-0 wûn. SDS 2 bliuwt hjirmei goed meidwaan yn de top fan de ranglist. Klik hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde. Opfallend wie dat Hendrik de Jong meidie by SDS 2.

SDS 1 oefent sneon
At it waar it talit(en der genôch spilers beskikber binne) giet SDS 1 sneon nei Skearnegoutum ta om te oefenjen(om 14.30) tsjin de klup mei dy namme. Foar Jacob Klaas bysûnder want syn keatsmaat Gerrit Flisijn spilet dêr yn it earste.

Drave
Mocht it fuotbal sneon net troch gean dan is der altiten noch in mooglikheid om efkes oars te bewegen. Yn Wommels is de Slachterin. Fanôf 10.00 kinne je ynskriuwe bij it Reade Hynder en om 11 oere begjint de draf.

ID kaart
Sjoerd Rispens makke ferline wike yn Emmeloord syn debút bij it futsallen. Justerjûn soe der wer mei dwaan. Dat koe allinne mar trochgean at hij syn ID kaart bij him hie. Nee, dus. Samme Overal moast efkes nei mem yn Wommels om de kaart te heljen. “Ik ha wol wat mei dy jonge” sei mem en socht it bewiis dat Sjoerd Sjoerd is op.

Letter hjoed noch mear nijs!