Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
23 november 2005
Seleksjes 2,4,5 en A1 foar sneon.
25 november 2005

Giet it wol troch?
It liket derop dat der moarn gewoan fuotballe wurde kin yn Easterein. Mar dan moat it al droech bliuwe fansels.

Urk
SDS 2 spilet moarn op Urk(as de diken it hâlde). Spesjaal foar dizze wedstriid hat trainer Klaas Okkema Urk-Yde oproppen. Ek Urk de Jong soe mei mar sil earst ritme opdwaan by it 3e. Urk Okkema is noch net hielendal fit en bliuwt thús.

Net oefenje
De oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin Skearnegoutum giet sneon net troch. SDS 1 hie te min spilers.

Wol oefenje
Fan hearen en sizzen hawwe wy it berjocht krigen dat SDS 1 mooglik op sneon 17 desimber oefent tsjin Mulier 1.

Skorst
Jos Zonderland is foar syn akkefytsje by CVVO skorst foar 2 wedstriden.

Strafskoppen
Wij hawwe it bij SDS foaral oer it missen fan strafskoppen. (it Clarence sluier klassemint). It kearen fan strafskoppen is fansels ek in kuenst. Dizze keeper hat dêr wat op fûn.

George Best is net mear
Hjoed is ien fan de beste fuotballers earne oerleden(sjoch hjir). Hy kaam de lêste jieren jammer genôch mei namme yn it nijs troch syn drankmisbrûk. Dat hy yn it ferline geweldich fuotbalje koe kinne jim hjir sjen(klik hjir).

George Best. 

Letter mear!