Kwisjûn wepperkes

Wepperkes -tongersdei-
17 november 2005
Seleksjes -sneon-
18 november 2005

Kenniskwis (1)
Gearard Posthumus is justerjûn op dochs wol ferrassende wize de winner wurden fan de earste foarronde. Neidat earst Ype en hij Ruurd oan de kant set hiene, wist hij yn in bloedstollende finale Ype mei 5-3 te ferslaan.

Kenniskwis (2)
Foarôf frege ynlieder Aant him ôf at Gearard net te jong wie om yn oanmerking foar dizze kwis omdat ek in protte âldere ynformaasje frege wurdt. Kwismaster Fred ferûntskuldige him betiden at hij wer in fraach út 1949 hie. Mar Gearard feroare der net om en krige betiden in daverend applaus fan de taskôgers, at hij wer in lestige fraach goed hie..

 
Gearard, Ype en Ruurd moasten earst yn trije ferskillende fragenrondes útmeitsje wa’t nei de finale gean mocht. Betiden die bliken dat je oan de bar suver mear witte as efter de tafel.


De einskore wie dúdlik genôch. Ruurd foel ôf en waard tank sein foar syn meidwaan. Hij krige it SDS jubileum boek.


Efter it “TheodeJong” drukapparaat kaam it oan op behearsing.  Ype die net oars as oars en reagearde meast te betiid wylst Gearard ek net oars die as oars: hij wachte efkes rêstich ôf.
Mei in 4-3 stân foar Gearard kaam it op de lêste fraach oan: wat is de namme fan it sportprogramma fan Heerschop en Waas. Ype wist it fansels wol want hij sjocht dêr altiten nei, maar wist it no efkes net.


Kwismaster Fred hie op Mallorca wer in oantal prachtige fragen yn elkoar setten en beoardielde de antwurden streng mar… rjochtfeardich.

Publike belangstelling
Gjin trainen op tongersdeitejûn. Spitich want it programma is wol wat ôfstimd op dizze jûn, omdat dan in protte senioren yn Easterein binne. Geweldich fansels dat safolle supporters de muoite nommen om spesjaal foar dizze kwis nei de kantine kamen, wêrtroch it wer in hearlike jûn waard mei in protte wille.

Folgende kear
Op 1 desimber is de “poule des doods ” oan de beurt. Jappie Wijnia, Willem Wijnia en Durk Okkema stride dan om in finaleplak. Set dy datum dus mar yn de agenda want dan giet it der om wei.