Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
16 mei 2007
Wepperkes -freed-
17 mei 2007

Wa giet mei mei SDS 2?
Ferjit net om je op te jaan om SDS 2 te steunen yn Grins kommende sneon(klik hjir). Der is noch wol plak yn de bus.
De seleksje ffan SDS 2 foar sneon kinne jim hjir moarntemoarn fine.

Moaie foto’s, minder resultaat
A1 hat sneon striden yn de neikompetysje. 2 heale wedstriden tsjin de Sweach en jv Bolsward gyngen beide ferlern. Wat er oerbleaun is fan dizze dei?
De foto’s. Makke troch Meinte Wesselius.

Folgende Treffer
De folgende Treffer moat wer in moai jieroersjoch wurde fan SDS. De measte lieders binne benadere om in stikje te skriuwen en it jier oer te eidzjen. Wij ferwachtsje fan alle alvetallen in bijdrage en rekkenje der op dat jim sa gau at it mooglik is maile nei
dit adres. De hakbile (in prachtich Frysk wurd foar deadline, dankje wol Silvia)) leit op 25 maaie.
Wij sille jim op de hichte hâlde wat binnen is.
Op dit momint is E1 al binnen.

Jubileumtreffer
Ek komt foar de fakânsje noch in jubileum Treffer út. Ek dêr binne wij m ei dwaande. At jim noch omskriuwe kinne wa’t jim SDS gefoel is,
mail it ús dan. Miskien kinne wij it brûke.

It giet oan!!!
Dat is de kop fan in berjocht fan André Vink. It sjacht op it frouljus fuotbal.
In het seizoen 2007 – 2008 heeft SDS weer een meisjesteam op het veld.
Dinsdagavond 15 mei is er besloten dat de meiden ervoor zullen gaan. Inmiddels zijn er al 15 vaste speelsters, en een aantal zal nog gevraagd worden. De trainingen zullen verzorgd worden door Annette Kooistra, en naar Leid(st)ers zijn we nog op zoek. 

GEZOCHT: LEID(ST)ERS VOOR HET MEISJESTEAM.
Wil je met een gezellige leuke meidengroep op stap, en hou je van spanning en sensatie meld je dan als leidster aan. Bij Andre Vink 333134, Douwe-Durk 332500 of bij Jappie Wijnia.
Vanuit het SDS bestuur (TC, JC en HB) wensen wij jullie een soort plezier en succes toe.
Maak iets moois van. 
Namens het bestuur,  Andre Christiaan Vink

Keepersclinic
Op woansdei 23 maaie wurdt der yn Snits op de fjilden fan ONS in spesjale keepersclinic organiseare. Dit is foar alle keepers fanôf 9 jier. Û.o. Brian Vandenbussche en Boy Waterman wurkje hjiroan mei. Klik hjir om it programma te besjen en je oan te melden. De kosten binne €19,50 of €24,50. Sjoch foar mear ynformaasje ek hjir.

SDS-Hyve
Ynmiddels binne der al 25 SDS-Hyvers. Opfallend is it grutte oantal froulju wat op de SDS-Hyve sit. Klik hjir om it te besjen en je ek oan te melden.

Alves
Mocht Alves fuortgean by SC Heerenveen dan is ‘ie hjoed yn elts gefal wer 5 miljoen euries djoerder wurden. Hy is troch de Braziliaanse bondskoach Dunga selekteard foar Brazilië(klik hjir). Ek Alex fan PSV is selekteard.