Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
23 augustus 2005
Noch 7 dagen foar de SDS-League!
26 augustus 2005

SDS A1 hat justerjûn mei 5-0 ferlern fan tredde divisionist Blauwwit 34.
It spul wurd stadichoan better, mar fuotbaljend kin it nog folle better. It is in hiele toer om de bal yn de ploech te halden. De drege tsjinstanders meitsje it ús hjir ek net makkelijker op. De fekansjegangers út Kubaard en Wommels (Arjen, Johannes, Ralph en Korné) binne wer fan´e partij, no de Eastereinders noch. Nije wike einlijks in tsjinstander út de earste klasse. Foar tiisdeitejûn
stiet de beker kraker tsjin JV Bolsward op it programma.
It sil de technyske lieding benije hoe fier de A-junioren dan binne.
Klaas en Marco


De Skoalleseize fanút de loft

Klik op de foto foar in fergrutting.

SDS 1 ferliest mei 4-0
SDS 1 ferlear tiisdei syn twadde wedstriid foar de beker ek ferlern. Tsjin Frisia waard it 4-0 foar de Ljouwerters. De Ljouwerters wienen net te hâlden dizze wedstriid en wûnen dan ek fertsjinne. No mar hoopje dat SDS 1 tsjin Zeerobben freedtejûn de tried wer wat oppakke kin.

Futsal giet los
Woansdei 31 augustus giet dan ek it bekerfuotbal foar de sealteams los. Sawol SDS 1,2 as 3 moatte dy jûns fuotbalje.

In kompliment
Wy wiene justerjun(=tiisdei) wer drok in e boxen dwaande toen Aant efkes lanskaam foar wat sfeerfotos. As webmaster is dit ek wol logisch.
Mar wat misskien net sa logisch is foar oaren is dat er net direkt wer fuot gie, mar in kroade pakte en us in skoft holpen hat.
Dat binne no minsken mei leafde foar de club.
Aant bedankt!
Bestjoer en frijwilligers “Skoalleseize”


Traine
SDS 4 en SDS 5 kin hjoed ek wer traine. Om 20.15 oere stiet Sipke Hiemstra wer klear mei tige nijsgjirrige oefeningen.

Oefenje
SDS 3 siket noch in oefenwedstriid foar woansdei 31 augustus  of tongersdei 1 septimber en sneon 3 septimber. Mochten minsken fan oar klups dit lêze en
tinke dat sy wol in geskikte oefenpartner binne dan meie sy wol efkes maile mei info@vv-sds.nl.

De Lege lânnen!
Ferskeidene SDS’ers wienen ôfrûne wykein op it Lowlands festival yn ‘e polder. Dat sy in moai wykein hân hawwe kinne jimme sjen op de webside fan
Versuiteigenoven.
Photograph
Doch my noch mar 1 bierke!!!!!!!!!!!!!!!!