Wepperkes -woansdei-

De Skoalleseize hat it der mar drok mei.
23 augustus 2005
Wepperkes -tongersdei-
24 augustus 2005

Keatsskuon
Gerrit Terpstra is syn keatsskuon kwyt. Hy hat se foarige wike lizze litten nei it keatsen. Sy binne foar it lêst sjoen yn de klaaiboksen. Wa hat se per ûngelok meinommen? Jim kin Gerrit maile troch hjir te klikken.

Drok
De mannen fan de Skoalleseize hat it der mar drok mei skreaunen wij juster. Ferline jier  it fjild en no de klaaikeamers. 
Alle jûnen binne se dwaande de mannen fan it earste oere.
No, ja, hast alle jûnen.
Want at je jierdei binne dan hoege je fansels net.
It mei wol, mar it hoecht net!
Der is neat op tsjin at je oerdei efkes by de boksen lâns geane. Seker at er noch gjin besite is thús. De frou bellet wol at er besite is.
En och, je kinne dan best ek efkes in hantaast dwaan.

Bygelyks mei in drilboar de muorre der efkes útramme.
Ommers de frou bellet wol at er besite is.
En at it dan ek noch lekker giet en der bellet net ien, dan bliuwe je gewoan efkes langer.
Je binne dan fansels wol ferbaasd dat de frou efkes lânskomt om te sizzen dat it hús fol sit.
Tja, dy mobyltsjes fan tsjintwurdich, dat is ek neat mear. Dy heare je dus net iens bij it drilboaren.

Fan herte lokwinke Abe Jan

Pún

Geert en Feike skeppe en kroadzje de stiennen en tegels yn de kroade. Hans en Marco kroadzje de boel nei bûten.
Ek (Michael!)
Reiziger wie fan de partij