Nije haadtrainer foar folgend jier bekind

Wa hat it hoofdfjild fan SDS fernield?
29 december 2004
Wepperkes -tongersdei-
30 december 2004

De webmasters fan SDS makken harren al wer op foar in ynteraktyf ûnderwerp de kommende 14 dagen. Wa wurdt de nije trainer fan SDS ?
It bestjoer fan SDS hat hjir in stokje foar stutsen. Sy binne der al yn slagge om foar it nije seizoen in trainer oan te stellen. Dat is klasse

Marcel Frankena, no haad jeugdopleidingen by Cambuur, wurdt de nije man. Hy is 35 jier.
Marcel Frankena is in echte Ljouwerter. Hy fuotballe by Leeuwarden, FVC en Sc Franeker.
Neist syn fuotbaljen wie hy ek al trainer by û.o FVC, Leeuwarden, hoofd opleiding by sc Franeker en Cambuur.
Fanôf 1997 is hy by Cambuur yn tsjinst kommen as hoofd jeugdopleiding. Tagelyk trainde hy ek noch in oantal jierren Cambuur C1 (Erik Haitsma?).

Marcel Frankena hat de papieren foar trainer coach 1.

Wy binne fansels benijd at er it Frysk goed lêze kin.

Noch in Cambuur nijtsje:
Dick de Boer is gjin trainer mear fan Cambuur. (Hy giet wer snoekfiskjen yn de buert fan Volendam)