Wepperkes -tongersdei-

Valkenburg 2007
8 augustus 2007
Wepperkes -freed-
9 augustus 2007

Trainingsdei
SDS 1 en 2 hawwe moarn in trainingsdei. Om 13.30 wurde sy op it fjild ferwachte yn Easterein. Sy traine en ite wat en spylje jûns in oefenwedstryd. SDS 1 om 19.30 tsjin Minnertsgea en SDS 2 om deselde tiid tsjin MKV 2.

Freule 2007
It hichtepunt op de Freule juster wie fansels de streaker dy ’t krekt foar de finale it fjild oerstuts. It gie hjir om in SDS’er. It wie namelijk Thomas van der Meer fan Tsjom. Hy fuotballet by SDS A1.
Dizze grap(klik hjir) levere him úteinlik €340,- op. Pake en beppe sieten ek op de tribune.


Underút

SDS 1 hat tiisdei syn earste oefenwedstryd hân. Thús waard mei 5-2 ferlern fan GAVC.

Kuenstgers
Tiisdei 14 augustus oefent SDS 1 út tsjin Frisia. Sy sille dit dwaan op kuenstgers. De wedstryd begjint om 20.00.

Bewarnummer
Aant makket dit wykein it bewarnummer fan de Treffer klear. As der noch wat is mail it dan nei
Aant.

Foarsizzing
Wy hawwe de earste foarsizzing foar Valkenburg 2007 binnen. Hy is fan Aant:

1  gerard van asselt: hij hat lesten fytsles han en is slagge
2  jan stenekes : altyd bij de earsten wert er ek oan mei docht
3  harm auke dijkstra: snijt de bochten altyd goed oan en af
*Hanny Overal                       

*Tineke Meijer                       

*Tineke Kamstra

Alde tiden werlibje
Tongersdeitejûn op Ned 2 21.25 oere in útstjoering foar Ajax fans. Ajax-Liverpool 5-1 en it begjin fan Ajax as topklup.

Letter mear!