Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
9 augustus 2007
Wepperkes – sneon –
10 augustus 2007

Nije keeper

Al langer bekind wie dat Casper Hoek in nije doelman is bij SDS. Foar wa’t him noch net kin, skeaten wij efkes in plaatsje op de training.

Jûn fuotbal yn Easterein
Nei in middei trainen, sille SDS 1 en SDS 2 jûn oan de bak yn Easterein. Om 19.30 oere is de wedstryd SDS 1 – Minnertsgea 1 en SDS 2 tsjin MKV 2. Wol op twa fjilden fansels.

Fierljeppe

De ôfrûne wiken seagen wij hiel wat SDS-ers bij de tradisjonele Fryske sporten lykas keatsen en fierljeppen. Nuver en frjemd is it fansels dat wij bij it fierljeppen nea folle SDS-ers tsjin komme.
Wij jouwe jim in gouden tip: gean sneontemiddei om 19.30 oere nei Winsum en genietsje fan geweldige sport. Sprongen fan hast 20 meter is echt spektaulair om te sjen. En as ektra attraksje freegje wij jim oandacht foar de speaker: Hendrik Haanstra. Hij wit alles fan alle ljeppers en hij seit ek alles. Tige fermaaklik. Wij binne der seker wer bij.

Jubileummuzyk
Op sneon 25 augustus is der it jubileumfeest yn Easterein. Moarns kin de jeugd fuotbalje en middeis de senioren. Letter op de dei is der in barbekjoe mei muzyk fan….
Tjeerd Abma. Hij stie woansdeitejûn op it grutte podium bij Jimbar en fulde de skoften op. Ek tiisdeitejûn spile hij yn Jimbar.

Opjaan foar de barbekjoe
Yn it jubileumnummer fan de Treffer stiet dat je je opjaan moatte foar de barbekjoe. Dêrfoar moatte je jild oermeitsje. Foar 2.50 kinne je meidwaan. Dat jild moat sa gau as mooglik oermakke wurde yn ferbân mei de planning. 15 augustus wurdt er neamd.
Dus net wachtsje en gelyk dwaan. It banknummer is: 349501033 op namme fan SDS, ûnder fermelding fan barbekjoe.

Opjaan foar mixtoernooi senioren 25 augustus
Dat moat foar 22 augustus bij
Meinte Wesselius. Efkes in mailtsje stjoere en klear is Kees.

Hurdfytse
Wij hoopje sneontejûn fuort nei de finish de útslach fan de Valkenburg toer jaan te kinnen. De “Limburgers” kinne de útslach maile nei
sds-nijs@planet.nl . Mar belje kin fansels ek.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!