Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
6 februari 2007
Dit hiene de seleksjes west
9 februari 2007

SDS League
Sneon is it de lêste dei om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen(klik hjir). Ferjit it net!
Aant is jûn yn de kantine. Dêr meie jim jim team ek by ynleverje.

Ut de teannen
Folkert Rients Vellinga is spiler fan SDS 5 en earder song hij yn Sebeare. Hij is dus ien fan de Eastereinder Rockers, dy’t sneontejûn hiel Easterein út syn dak gean lit. Dit wykein melde hij him foarloapich ôf foar it fuotbaljen want syn teannen wiene hielendal skansearre en foaral blau omdat in heftruck oer syn teannen riden wie. No mar hoopje dat it goeie lûd bij him net út de teannen wei komt.

Aris sjocht de buoi hingjen
Moandeitejûn lieten wij sjen dat SDS 5 drok oan it trainen wie om kommende sneon it fjild yn te stappen yn Ljouwert om sa Aris oan de earste oerwinning te helpen dit jier. De mannen fan Aris hawwe der lucht fan krigen en sjoch dêr…… justerjûn wûn de ploech.
It trainen fan SDS 5 is gewoan troch gien. Sa oefenen sij juster al wer
op de dunk en yn fergeliking mei moandei hiene se no gjin springkessen nedich.

Wêr in gerugie al net ta liede kin!!!(1)
Sa sitte je lekker oan de bar op tongersdeitejûn om it ferlies fan focht oan te foljen nei in swiere training en sa hawwe je noch net 5 dagen letter in hûs kocht.
Tongersdei yn ‘e nacht mei senior makelaar Klaas en junior makelaar Tjipke Klaas nei de wenning dy’t te keap komme soe. Doe in ôfspraak makke foar in besichtiging op sneon (gjin foutbal mei SDS 6), in bod op snein en in akkoard op tiisdei (juster). De keap is rûn.


Wêr in gerugie al net ta liede kin!!!(2)
Hjirby wol ik graach it folgjende geruchie yn ‘e wrald bringe: It hûs oan de Singel 21 yn Easterein komt te keap en ik kin wol sizze it is krânsbestindich.
Ik soe sizze, allegearre traine, je witte mar nooit.
P.S. Ik bin der tongersdeitejûn net. Oare ferplichtings foar it wurk.
In trotske hûzenbesitter.

Wêr in gerugie al net ta liede kin!!!(3)
Neffens ús geruchtenmasjine sil âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld kommend seizoen de nije trainer wurde fan vv Nijland!

Folgend seizoen tsjin SDS??

Wêr in gerugie al net ta liede kin!!!(4)
Om ’t Hendrik de Jong wol gauris op sneon wurkje moat en Dirk-Yde Sjaarda folgend seizoen nei Australië sil is SDS op syk nei in nije spits. Om mear publyk te lûken wurdt dizze spits wol gauris neamd(klik hjir).