Wepperkes -woansdei-

De nije SDS League!
12 september 2006
Wepperkes -tongersdei-
13 september 2006

Goed en superspannend
Futsal 1 hie woansdeitejûn in beste tsjinstanner. Urk 2 wie mei 9 man nei Easterein kommen. It wie in wedstryd mei djoere doelpunten. Bij it skoft wie it 0-0 en der wiene mar in pear kanskes west foaral foar Urk.
Yn minút 13 kaam SDS troch Robert S. op 1-0. Urk focht sich lâns side. Trije minuten foar tiid kaam SDS wer op foarsprong: Robert S. Ien minút foar tiid skoorde Urk út in frije traap. Dochs wol teloarsteld sochten de SDS-ers de klaaikeamer op want 2-1 foar 1 minút foar tiid mei sokke djoere doelpunten………

Oare útslaggen fan woansdeitejûn
Wij hoopje dat ús korrespondinten fan ferskillende ploegen dy’t woansdei aktyf west hawwe, ús de útslach en oare bysûnderheden efkes
trochjouwe.

Nije F trainers
Goed nijs fan it trainersfront. De lieders fan de B alvetallen ( Klaas, Jan, Tamme en Anne) hawwe in oantal B1 of B2 junioren ree fûn om mei te helpen de F ploechjes te trainen.
Dat is fansels grutte klasse!

Noch gjin trainers
Foar B1 en C1 is der noch altyd net in trainer foar de twadde training.  Wa lit fan him heare en pakt dit op?

SDS League
Jim hawwe noch 3 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels 12 teams binnen!
Klik
hjir om ek mei te dwaan!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!

Tips
Dit wienen ôfrûne wykein de spilers mei de measte punten yn de SDS League:

Cornelisse, Tim 19
Bruins, Luigi 13
Hofs, Nicky 11
Kopteff, Peter 11
Mendez, Edison 10
Huntelaar, Klaas-Jan 9
Lucius, Theo 9
Ramzi, Adil 9
Arveladze, Shota 8
Fortuné, Marc-Antoine 8

Mannedei??
By de Jumbo yn Dokkum fine sy dat der spesjaal in “mannedei” komme moat om mear mannen yn de winkel te krijen. Wy sjogge dit net as in “mannedei”. Foar ús betekend in “mannedei” in “frouedei” op sneon sadat de mannen(ynklusief Hendrik de Jong) moai fuotbalje kinne.

Moai fimke
Hjir noch in moai fimke oer Ronaldo. De spits dy ’t ea like goed wie as Patrick Kluivert. Klik
hjir.