Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
6 september 2006
Utslaggen 9-9
8 september 2006

Wedstrydsponsoren
Sneon is de earste thúswedstryd fan SDS 1. Broekster Boys is de tsjinstanner. Krekt as ferline jier binne der no ek wer twa wedstrydsponsoren.
Slachter Lolke Bouma út Easterein en Bouplus út Wommels. Dit lêste bedriuw fan Henk Bootsma hat sûnt koart ek in webside.

Gjin trainer!
B 1 en C1 traine twa kear yn de wike. Op woansdeitejûn is der gjin trainer. Dat moat oars. De jeugdkommisje hat 50 minsken frege!! Allegear hiene se in goeie reden om it net te dwaan. Mar wa docht it wol.? Wa nimt dy ferantwurdlikens. Lit de klup net yn de steek.
Skilje Jappie foar mear ynformaasje (332245)!

Nije teamyndielingen
Eltsenien is op de hichte brocht fan de nije teamyndielingen en fanôf hjoed binne se hjir ek op de webside te besjen.

Trainen
De lju dy ’t troch de nije teamyndieling yn in oar team terjochte kommen binne bliuwe gewoan trainen by de ploech wêr ’t sy earst by yndield wiene.

SDS 1
Moarn spilet SDS 1 dit seizoen foar it earst in kompetysjewedstryd thús. Sy spylje om 14.30 tsjin Broekster Boys. It wurdt moai waar dus kom allegear sjen!

SDS 6
Moarn soe SDS 6 foar it earst los. Jammer genôch hawwe sy moarn mar 3 spilers. De wedstryd is dan ek mar fersetten nei tiisdeitejûn.

Nij tillefoannûmer
Trainer/coach fan SDS 1, Marcel Frankena hat wer ris in nije tillefoan. Dit is syn nûmer:06-42054601

Gratis
Gratis af te halen: wedstrijdsokken (nieuwe logo), dit ivm het groeien van de voetballende voeten.
maat +/- 28 – 30
Johan de Graaf
0515-331860


SDS League
Jim hawwe noch 8 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 10 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!
Jûn lizze der ek formulieren yn de kantine!

Team foar de SDS League
Dit team ferwachtsje wy fan Klaas Okkema of Marco Hoekstra. It sil wol hjitte; “Feyenoord 1”;
Van Dijk(RKC)
Bosschaart(ADO)
Gyan(EXC)
Olfers(SPA)
Tiendalli(FEY)
Bosvelt(HEE)
Pinas(NAC)
Boutahar(NEC)
Engelaar(TWE)
Nelisse(UTR)
Lazovic(VIT)
Goeie wissels binne noch Leonardo(NAC) en Zuiverloon(HEE).

Futsal: SDS 3 ûnderút
SDS 3 hat woansdei syn bekerwedstryd mei 4-3 ferlen. Wa ’t der skoord hawwe is ús net bekend.

Oeltsje of Uiltje
Ien fan de freonen fan SDS is de hear U. Eisma út Wommels. Wa? De hear U. Eisma? Wa is dat? Dêr sieten wij ek wat mei bij it opmeitsjen fan de Treffer. Wij neamden him doe mar Ulie. Dat wie net goed. Syn soan Arno lei yn in deuk! Dêrom dy U. stiet foar Uiltje mar wij neame him Oeltsje. Wêrfan akte.

Blindenvoetbal
Jammer dat ôfrûne woansdei it ljocht net útfoel by Nederlân-Wyt-Ruslân. Wy hienen dan fêst genietsje kinnen fan in soarte “blindenfuotbal”. It hie kaberetier Vincent Bijlo wol wat like(klik
hjir).

Nei de sauna….
Troch it ûneven oantal klups yn de kompetysje is VV Harlingen 1 kommende snein lyk alwer frij fan kompetysje-fuotbal. Om dochs efkes wat mei syn allen te dwaan geane sy nei de sauna. Dat wurdt noch wat mei Camataru, Dikke banaan, Tattoo Bob, Voegspiker en al dy oaren(klik hjir).