Wepperkes -tiisdei-

Midwintercup 2006
9 januari 2006
The Battle is begûn!
10 januari 2006

Battle of the Sexes
Snein is it al safier; The Battle of the Sexes. De striid tusken de manlju fan SDS 1 en de froulju fan COVOS 1.

Wy binne benijd wat jim der fan tinke. Wa sjogge jim as favoriet? En wat fine jim in goeie tsjinprestaasje foar de manlju as foar de froulju?  

Stjoer jim ideeën nei info@vv-sds.nl , en wa wit wurd jim tsjinprestaasje ek echt útfiert. Wy hawwe noch wat ideën noadich.
Klik hjir foar de oankondiging foar snein.

Jûn is hjir mear te lêzen oer de Battle.

Traine
Foar de bikkels fan SDS 2 sit de winterstop derop. Jûn begjinne sy wer te trainen.

Poule des doods
It koe nei ôfrûne sneon ek net oars dan dat in team fan SDS kommende sneon yn de “poule des doods” sit. Dit mailtsje krigen wy fan Dirk-Yde:
No ha se it deroer dat Nederlan op it WK by us Oosterburen yn de poule des doods sit. Mar sa at te lesen falt op ‘e site fan Drs. Vijfje binne se net echt bliid mei de lotting fan sneon. Se sprekke ek al fan in poule des doods. Fan underschatting sil net sprake weze…. 
…”
Van alle 17 goals denk ik dat Chris er ongeveer de helft maakte en de rest ongeveer 1 of twee, maar dat weet ik niet zeker meer. Bij tijd en wijle rees de harmonie de pan uit en dit werd uiteraard op passende wijze voortgezet. Helaas zat de loting niet mee en treffen we onder andere de hoofdklassers Blauw Wit + Workum en verder SDS 2 en Dokkum. Achteraf hadden we tegen Warga beter met 7-0 kunnen verliezen.
Komende zaterdag morgen we wederom rond 9 uur te Franeker aan de bak. Hopelijk missen we deze keer het station Franeker niet. Mochten we de poule des doods doorkomen dan staan wij gaarne open voor suggesties die er de zes uren durende pauze in Franeker aangenaam kunnen maken. De familie Panninga schijnt alweer bereid te zijn om het apenstel te voorzien van Friese pasta… wij kunnen niet wachten!”

Giet Hendrik dan dochs noch?
Op 20 desimber melden wie dit. It begjint der hieltiten mear op te lykjen dat wy dochs in bytsje gelyk krijen gean no ’t SC Heerenveen juster bekend makke dat sy Age-Hains Boersma oanlutsen hawwe fan VV Snits. Soe Hendrik de Jong dan dochs noch nei Snits gean???

In kâlde “nije” trekker!
Justerjûn binne Abe Jan en Feike nei Stiens ta west om de “nije” trekker fan de Skoalleseize op te heljen. It wie al tsjuster toen wy in Stiens oankamen (dêr moast er wei komme) dus koe ik de beloofde foto’s net mear meitsje, mar dy komme noch. Abe Jan hie foarsteld dat ik de trekker mar nei Easterein ride moast.
Letter kaam ik der efter werom.!!
De kachel wie net hielendal optimaal ofwol dizze die neat. Ek de rjochtingoanwizers wiene net hielendal sa as it wêze moast. Mar de fjierdere ferljochting wie pûrbest sadat it dochs op Easterein oan koe. Underweis gie alles goed, en de trekker hold him ek best. In bytsje verrekt, mar fjierder oe sa tefreden oer dizze oanskaf kamen we goed yn Easterein oan.
In echte oanwinst foar de Skoalleseize en de minsken dy der straks mei wurkje meie/kinne.
We sille him earst yn ‘e loads fan Tom Couperus nog efkes goed neisjen en dan komt er wol foar it ljocht op de fjilden.
Sa as ik al sei : de foto’s komme noch.
Bestjoer “Skoalleseize”

“Voetbal is oorlog”
Rinus Michels sei oait;”voetbal is oorlog”. Neffens ús bedoelde hy der dit net mei…….(klik hjir).


Letter mear!