Midwintercup 2006

Snertrace-8 kilometer
8 januari 2006
Wepperkes -tiisdei-
10 januari 2006

De poule-yndieling foar kommende sneon sjocht der sa út:

poule A Poule E
Blauw-Wit 2 Makkum 1
Dokkum 1 ZVF 1
SDS 2 FCL 1
Workum 1 Be Quick Dokkum1
Drs. Vijfje 1 De Blesse 1
Poule B: Poule F:
Avanti Balk 1
FVC 1 Read-Swart 1
Heerenveen 1 Herauten
Mulier 1 AVC 1
Golden Oldies 1 ONT/CHZ 1
Poule C: Poule G:
Griffioen1  Exstador
WPB 1 Leeuwarden 1
Franeker 1 Bolswardia 1
Stiens 1 Wardy 1
Rottevalle 1 Waskemeer 1
Poule D: Poule H:
Drachtster Boys 1 ONT 1
Zwaagwesteinde 1 CSL 1
Oostergo 1 Cambuur ’69 1
Oudega 1 SDS 1
Franeker 2 The Point 1

SDS 2 spilet yn poule A. Sy moatte om 9.30 oere los.
Opfallende tsjinstanners yn de poule fan SDS 2 binne fansels de mannen fan Blauw-Wit 2 en de studenten fan Drs. Vijfje út Grins. By Blauw-Wit ’34 sit heechstwierskynlik âld-SDS-trainer Kees Jansen op de bank. Wy binne benijd as hy Max Houttuin ek opnimt yn syn seleksje. Blauw-Wit ’34 2 waard foarig jier pas útskeakele yn de heale finales.

SDS 1 spilet yn poule H. Sy moatte om 12.00 oere los.
Grutte ûnbekende yn de poule fan SDS 1 is The Point. Dizze futsalferiening komt út Bûtenpost. Sy binne 1e-Klasser, mar steane ûnderoan mei min 2 punten.
Cambuur ’69 is de oudsider yn de poule fan SDS 1. Sy waarden al twa kear 3e en twa kear 4e by de Midwintercup.

SDS is net de ienige klup dy ’t mei 2 teams fertsjintwurdige is by de finalerondes. Franeker 1 en 2 binne der ek. Ek de futsallers út Frentsjer fan ZVF spylje sneon in thúswedstryd.

Út De Pein binne der sneon ek 2 teams. De fjildfuotballers fan ONT 1 binne der en de futsallers fan ONT/CHZ 1 ek.

Opfallend is dit jier dat sawol de nûmer 1 as 2 fan foarig jier dit kear net yn Frentsjer oanwêzich binne. Foarút 1 waard 4e yn harren poule. GAVC 1 die it noch minder. Sy waarden mei 0 punten lêst yn harren poule.

Op de webside fan Drs. Vijfje kinne jim alle útslagen werom fine fan de foarrondes fan de Midwintercup(klik hjir).