Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein –
13 november 2005
Wepperkes -tiisdei-
15 november 2005

Net nei Eanjum
De veteranen hawwe foar neat in risikofersekering ôfsluten. Yn de ferûnderstelling dat se nei Eanjum ta moasten foar de beker, wie dit al fêst dien mei in each op it oernachtsje yn in pension.. No docht bliken dat SDS de gasthear is. Op 26 november om 14.30 de bekerwedstryd SDS V – Anjum V.
It docht bliken dat er dy dei ek in gewoan kompetysjeprogramma is foar SDS 2, 3 en 5.

SDS 4 wint fan Lions 2
Wa’t dat te meitsjen hat mei in wylgebeam kinne jim
hjir lêze.

Spiler fan ’t jier
Marcel Frankena hat wer in nije stân makke. Trochdat Tsjipke net fit wie koe Skelte noch fierder útrinne. Klik hjir om de nije stân te sjen.

Fergetten
Wij krigen fan Anco sa’n prachtige list mei alle jierdeis fan ús leden. Dizze list kinne jim bij Supporters SDS fine.  Wij besykje dêr sa folle mooglik om te tinken om der sa no en dan in wepperkes fan te meitsjen. Dêr moatte wij noch efkes oan wenne. It is dan ek wol tige sneu dat wij krekt Anco fergetten hawwe. Hij wie wol deechlik jierdei op 11-11, tagelyk mei Arjen en Pieter. Dêrom foar dizze wike mar efkes it komplete listke, sadat jim net ien ferjitte en sy jim net ferjitte.

3e Anco Elgersma 11-nov-68
A1 Arjen van Putten 11-nov-87
F1 Pieter Sytsma 11-nov-97
F3 Kirst Stoelwinder 12-nov-97
1e Tjipke Klaas Okkema 14-nov-84
C2 Gerrit Jan Veenendaal 15-nov-91
E3 Jacco Kooistra 18-nov-95
2e Sjoerd  Rispens 19-nov-86

Sa heit sa net soan
It hie net folle skeeld of Willem wie ek plysje wurden. Heit Popko hat er fan alles oan dien, hear nei
dit fragmint