Wepperkes -tiisdei-

SDS 1 slút seizoen ôf.
7 mei 2007
Wepperke -woansdei-
8 mei 2007

Al wer trije punten
SDS 5 hat tiisdeitejûn wer goeie saken dien. AVC waard mei 4-1 ferslein nei in prima wedstryd. Dat koe ek hast net oars want it fjild wie perfekt oan it eachstrielende kombinaasjefuotbal op de matte te lizzen.
Gerlof Veldstra en Ype Tiemersma skoorden beide twa kear. It tsjindoelpunt wie fan TikkieTerugGerlofJanJaap.

Op syk nei….
It like sa moai. SDS 5 sneon mei de boat nei Snits. Helaas is de boat lek en is men op syk nei in oare boat of boaten.
Wa kin Klaas Okkema helpe of tippe. (332221).

SDS F3 – memmen F3
Woansdeitejûn om 19.00 spylje de jonkjes fan SDS F3 as ôfslúter fan it seizoen tsjin harren memmen yn Easterein. Fêst de muoite wurdich om efkes te sjen.

Neikompetsyje SDS 1 seal
Justerjûn spilen ZVH en Avanti 2 tsjinelkoar om út te meitsjen wa ’t tsjin SDS 1 útmeitsje mei wa ’t yn de Haadklasse bliuwe mei. Yn Hasselt waard it juster 5-4 foar Avanti 2. Folgende wike freed kinne Avanti 2 it thús ôfmeitsje yn Stiens.

De sulvervloot
At wij it yn eardere tiden hiene oer
de sulvervloot dan bedoelden wij net dy fan Piet Hein mar dy as it skippersfolk ut Snits.
Ut dy omjouwing komt ek de echte folksklup Water Poort Boys(WPB).
Kommende sneon moat SDS 5 tsjin WPB 3. Om it seizoen ludyk of te sluten, sille de SDS-ers mei de boat nei Snits.
Om 11.00 is it sammeljen yn de kantine en der sil op tiid offard wurde nei Snits om 14.00 te begjinnen. Nei de weromfaart sil it seizoen, wat noch in twadde plakje opleverje kin, mei in barbekjoe ofsluten wurde.

Wommels-Easterein
Op 24 augustus spilet Wommels tsjin Easterein. De wedstryd sil in grut spektakel wurde en de earste tariedingen binne al troffen. Juster is de Wommels-Easterein-kommisje wer byinoar west om it ien en oar te bepraten. Hawwe jim ek noch ludike ideeën foar dizze wedstryd, mail it dan nei info@vv-sds.nl!

De nije Treffer

Yn de rin fan dizze wike komt de nije Treffer út. Yn dizze Treffer sille jim ópmerklike ferhalen fine dy ’t jim hjir net earder lêze koenen. Hâld de breifebus dus goed yn de gaten foar:
-De reis nei de Kuip
-Ôfskie nimme fan Ruurd Boorsma
-De hûnesjo fan Klaas Pompstra
-Wize wurden fan Bas de Haan en Jelmer Posthumus
-Mollen yn Eastenryk
-en noch folle mear!

SDS 6 wat letter
Kommende sneon moat SDS 6 thus fuotbalje. Dat begjint net om 12.45 mar om 14.30 oere. Spilers en publyk kinne dus iets letter fan hus.

Midsimmercup 2007
Ek dit jier docht SDS(it sealteam) wer mei op sneon 9 juny oan de Midsimmercup yn Dronryp. Sy spylje yn
poule G:
Dronrijp
Warga
Sparta
SDS
Sint Jacobiparochie
De rest fan de lotting sjocht der sa út(klik hjir).

Ajax-AZ
In soad minsken hawwe ôfrûne snein thús op de bank genoaten fan in prachtige bekerfinale. 2 Eastereinders hienen it gelok dat sy dizze wedstryd yn de Kuip meimeitsje koenen. Moarn komt it bewiis.

Troue
Op freed 6 july trout Rinse Joustra(SDS 6) mei Martzen Tiemersma. Wy hoopje foar harren dat de dei wat goed ferrinne sil. Wy kinne gjin garansje jaan(klik hjir).