Wepperke -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
7 mei 2007
Wepperkes -tongersdei-
9 mei 2007

Op syk nei….
It like sa moai. SDS 5 sneon mei de boat nei Snits. Helaas is de boat lek en is men op syk nei in oare boat of boaten.
Wa kin Klaas Okkema helpe of tippe. (332221).

Soks soe net gek wêze?

Christiaan Hoekstra syn boat?
Fedde Wiersma hat miskien wol in goeie tip foar Klaas:
Christiaan Hoekstra (meiwurker Boubedriuw Bootsma út Tirns)hat wol erfarings mei boaten, foaral boaten dy’t nei Snits farre. Mar dat gie ek wolris mis. Mar miskien is dy boat wer klear!
Groetnis, Fedde


Trochtraine
SDS 2 en SDS A1 traine noch gewoan troch. SDS A1 makket him klear foar de neikompetysje kommende sneon. SDS 2 mei folgende wike pas los yn d neikompetysje. SDS 2 traint elke tiisdei en tongersdei om 19.00. Spilers fan de A-seleksje meie mei traine.

Bekerfinale
Foeke en ik binne hjir snein hinne west mei in pear âld-Eastereiners Jelle Jan en Jelle Jippe Holwerda. Yn in moai stadion wêr de konkurrint in feestje fierde. Sommige Eastereiners geane der hinne mei in bus fol minsken en gjin goed fuotbal en gjin punten. Wy as Ajacieden helje de lytse kup!!
Groeten, Douwe Dirk

De Reitsma’s mei de Holwerda’s yn de Kuip.


Davids mei de beslissende pingel

Geheime wapen
It liket derop dat Klaas Okkema no al drok dwaande is mei de wedstryd op 24 augustus tusken Wommels en Easterein. In taskôger(Fedde Wiersma) foel dit juster op:
Wurd de SDS-topskoorder Ype Tiemersma it geheime wapen yn ‘e match Easterein-Wommels fan 24 augustus? Dizze oerrinner út Wommels waard yn elts gefal tiisdei op ‘e bank hâlden troch coach Klaas Okkema…….

Klaas Okkema sparret Ype foar “de wedstryd”.

Bookmakers
Tsjerk van der Pol hat efkes sjoen hoe’t de bookmakers tinke oer Wommels – Easterein.

Dat is dus dúdlik.

De wedstrijden
Miskien in tip foar Talpa????(klik hjir).

Letter mear!