Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes – moandei –
21 augustus 2005
De Skoalleseize hat it der mar drok mei.
23 augustus 2005

Klaaikeamers wurde opknapt

Dit buordtsje hinget bij de âldste klaaikeamers fan de Skoalleseize. Dizze 2 romten en de romte foar de skiedsrjochter wurde totaal opknapt. Alles wat los en fêst is, wurdt er úthelle en de ferwachting is dat it op 30 septimber allegear klear wêze kin.

Net Auke mar Jan
Yn Ljouwert hawwe se Auke de Sloper in trouwe Cambuur supporter.Yn Easterein hawwe se 
Jan de Sloper. en hy is foar SDS.

Jongste lid?
At it it jongste lid is witte wij net, mar it is yn alle gefallen wol ien fan de jongste leden. Tsjerk Lanting út Wommels komt bij SDS F4. Tsjerk kin flakbij hús traine want hij hat in hiele grutte foartún, te witten de Terp yn Wommels.
It soe moai wêze at er noch wat mear jonge leden bijkamen.

Hjir sit Tsjerk te pankoek iten yn dyselde tún.

B-s binne ek wer los
De B-junioren traine sûnt juster ek wer. Foar ús wie dat in goed momint om se op de foto te setten. Wolle jim witte wa’t gel yn it hier hat, kin sjen bij junioren B1.

Jûn
SDS 1 spilet jûn tsjin Lac Frisia foar de beker. Dizze klup spilet op de Magere Weide en dat fjild leit oan “de kant fan Marssum”