Wepperkes – moandei –

Wepperkes – snein
21 augustus 2005
Wepperkes -tiisdei-
22 augustus 2005

F4 siket noch wat spilers
Op dit momint binne der bij SDS F4 6 spilers. It soe hiel aardich wêze dat er noch in pear bij kamen. Dus witte jim noch jonges of famkes dy’t nocht hawwe oan fuotbal, sprek se efkes oan. De jeugdkommisje stiet de âlders fan nije leden graach te wurd.

Needgjalp
De klup is ek op syk nei lieders en in twadde trainer foar SDS A2. De kommende wiken wurdt er noch yn ien groep traind mei alle A-spilers mar dêrnei wurde der twa alvetallen makke. It is fan grut belang dat er dan ek in lieder en twadde trainer is.
Wa doart dizze útdaging oan? Nim kontakt op mei Jappie Wijnia foar mear ynformaasje (332245)

Traine
Tongersdeitejûn kinne de leafhawwers fan trainen fan SDS 4 en 5 ek wer los. Om goed 8 oere ûnder lieding fan Sipke Hiemstra. Hy rekkent op in grutte opkomst en dat is ek nedich want SDS 3 docht no net mear mei en it soe dochs wol aardich wêze dat er fan de 36 spilers alle wiken 12 binne.

Swimbad
Easterein hat de sporthal en Wommels it swimbad. Beide binne tige wichtich foar dizze sportive omjouwing. Oer it swimbad is alle jierren in diskusje hoe lang it noch iepen bliuwe kin. In  aksjegroep is dwaande om te fjochtsjen foar it behâld fan it swimbad. Op 10 septimber wurdt er bij it swimbad in popfestifal holden mei pleatselike groepen.. Ien fan de groepen is Swee.

Hingplak
Yn Bokvoordt, it doarp wêr’t wij goeie kontakten mei hawwe, wurdt  hjoed in hingplak foar jongeren iepene.