Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
9 mei 2005
Jan Peter Bootsma yn Rosmalen.
11 mei 2005

Anne Brouwer bliuwt assistent!

It liket derop dat Klaas Dijkstra syn assistent Anne Brouwer ek folgend jier by him hâldt. Anne Brouwer rint op it moment staasje yn Britswerd, wêr as dizze foto ek nommen is. Neffens hearen en sizzen sprekt hy hjir de seine út oer de wedstriid fan kommende sneon.

Andries Brinksma wer op dreef!
Juster hat SDS C1 mei 4-2 wûn yn Drylts fan YVC. Grutte man by C1 wie wer Andries Brinksma. Sneon skoorde hy al 7 doelpunten en no makke hy der 3. De 4e goal waard makke troch Wytse Lanting.

Gemiddeld 5!
SDS 2 docht it dit seizoen knap yn de beker. Oan ’t no ta skoorden sy yn 7 bekerwedstriden 34(!) kear. Yn dizze wedstriden krigen sy mar 3 tsjin. Om it gemiddelde fan sa ’n 5 doelpunten per wedstriid te hâlden moat SDS 2 tongersdei tsjin LTC mar mei 5-1 winne(?!).

Efkes letter
De jonges fan SDS 2 kinne it tongersdeitemiddei efkes rêstiger oan dwaan. De bekerwedstriid yn Assen tsjin LTC begjint net om 19.00 mar 19.15 oere. As it no mar gjin penaltys wurde………..

Fenfan!
Durk Okkema hat in skoftke lyn yn Itaalje west by AC Milan-Sampdoria. Fansels hy hie ek in foto foar ús rubryk “Fenfan”. Hawwe jim ek noch foto’s foar dizze rubryk, mail se nei info@vv-sds.nl!
Stefan de Jong as Shevchenko mei omke Durk



Alde herinnerings
De rubryk de Alde Doaze libbet tige binnen de feriening. At it sa troch giet kinne wy ynkoarten wol in Treffer útbringe mei allinne âld materiaal.
Ofrûne sneon kaam good old Willem Agema ek al wer mei in oantal foto’s oansetten en de earste dy’t wy no sjen litte wie fan 5 maaie 1955 (dus krekt 50 jier âld) . Wa’t dizze spilers binne: wy witte it net. De doelman dat is yn alle gefallen Willem Agema.

Hawwe jim by dizze jonges yn de klas sitten of mei harren knikkere, mail ús dan de nammen. info@vv-sds.nl

Noch in foto
Ek Meinte Wesselius stjoerde ús noch in foto fan ôfroune sneon. De ferdigening fan SDS yn byld. En foar wa’t it net wit, at je op de foto klikke dat wurdt er fansels wat grutter.