Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
18 april 2005
Wepperkes -woansdei-
19 april 2005

Futsal: SDS 1 ûnderút.
SDS 1 hat justerjûn mei 6-3 ferlern fan Urk. Mei mar ien wiksel waard der fochten foar elke meter. SDS kaam wat ûngelokkich achter mei 2-0 nei sels de grutste kansen hân te hawwen. SDS knokte him nei 2-1 krekt nei rust. SDS kaam allinne krekt wat te koart om troch te drukken. Krekt nei de 2-1 waard it 3-1 en efkes nei de 3-2 waard it alwer 4-2. Urk koe wat makliker fuotbalje mei 4 wiksels en de jonges fan SDS hienen it dan ek goed dreech. It waard úteinlik 6-3 mei goals fan Robert(2x) en Harm.
Folgende wike moat SDS op woansdei noch út nei ONT/CHZ en freeds thús tsjin FCL. Dit binne de lêste wedstriden fan it seizoen. Klik hjir foar de stân.

Apart?
Folgende wike freed spilet it 1e sealteam fan SDS syn lêste thúswedstriid. Dit stiet der op de KNVB-side

29-Apr-2005 19:00 SDS 1 – Futsal Club Leeuward 2 Duinoord sporthal
Hat Titus de namme fan de sporthal feroare?

Langs de kant
Yn de Ljouwerter krante stie moandei wer in aardich foarfal oer Gert Jan Hiemstra dy’t it nei de 0-0 wedstryd hie oer 1-1. By de rybryk de Treffer kinne jim it hiele stik neilêze en kinne jim ek noch wat oare ferhaaltsjes sjen dy’t yn de selde rubryk stien hawwe.

Froulju-fuotbal
Ferline wike diene wy in oprop om mear froulju op it fuotbaljen te krijen. De jonges fan B2 hawwe dit prima oppikt. Ofrûne sneon hiene se al 4 froulju op de bank sitten en stiene der in oantal oan de line, omdat er echt net mear yn de dug out sitte koene.
De jonges dy’t wiksel wiene en net mear yn de dugout sitte koene,  woene der de twadde helte net yn, en frijwilligers om te wikseljen wiene der genôch.


Sels it flagjen waard al útlein

Mear?
Hawwe jimme noch wat, mail it nei
info@vv-sds.nl!