Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei –
8 november 2004
SDS League: Pieter Kamstra rint út!
10 november 2004

Wat bedoelt Robert?

Robert Sijbesma stuts de finger omheech tidens de wedstriid SDS-Zeerobben.Wy fregen ús ôf wat Robert bedoelde.

Anco Elgersma skriuwt ús:

ik tink dat Robert een kennis efter de achterline stean sjocht en efkes de tiid nimt dy te groetsjen, sosjaal man dat der is. Hy sjocht dat Hendrik en Feite harren wol rêde mei de tsjinstander…….

50 Gerard_cent skriuwt:
folgens mij is dit een nije en keurige manier om wat te freegjen oan de skiedsrjochter!!!

 

 

Wa ‘t noch in leuke opmerking hat, mail it ús: info@vv-sds.nl

 

Lêze
9 novimber is in wichtige dei foar de proffuotballers. Sa’t jim witte wurdt harren wolris frege hokker boek se it lêst lêzen hawwe: Hast altyd is dat: De ontvoering van Heineken.

Meastal is dat ek it ienige boek wat se lêzen hawwe. Stel no ris dat Heineken op 9 novimber 1983 net ûntfierd wie en der gjin boek skreaun wie, dan hiene se wierskynlik nea in boek lêzen.

 

Top 5 fryske platen
Omrop Fryslân hat lêsten wat reklame foar ús makke. Fansels dogge wy no ek wat werom. Op dit stuit kinne je de Fryske top 5 stimme dy’t op âldjiersdei útstjoerd wurdt.

It kost mar in pear minuten om dêr oan mei de dwaan want je kinne de nûmers gewoan útsykje út in lange rige. Wy kinne it net neilitte in oantal tips te jaan.

Je kinne it ticht by hûs hâlde: Sebeare mei it nûmer “Easterein” of Turns 43 mei it nûmer “Turns”. Lekker maklik. Je kinne ek kieze dy prachtige ode oan Sibe fan Reboelje: In fûgel yn dy. Ek Sytse van der Werf (Kûbaard)mei “Winterjûnenocht” is wol om oan te hearen.

De leafhawwers fan stevige muzyk komme al gau op it liet “Rabje oer dûmny” fan Tsjettel of “Jûkte op de rêch” fan Bombarje. En wa’t no al wer útsjocht nei it doarpsfeest kin Doede Veeman stimme mei Doarpsfeest.
Mar de gouden tip is dochs wol it prachtige nûmer fan Gerrit Breteler: Op een dag. (drink je geen Grolsch meer)
Dus stimme op Omrop Fryslân.

Falt mei
It programma foar it 1e sealteam fan SDS falt folgende wike dochs wat mei. Sy hoeche aliinnich mar foar de beker te fuotbaljen en net, sa as wy earder melden, ek noch foar de kompetysje. SDS 1 hoecht dus folgende wike allinne mar nei Winschoten, op freedtejûn foar de beker, tsjin WMC. Lykle Bleekveld hoecht him dus gjin soargen te meitsjen.

“Man fan Alles”
No ’t der in soad teams fan SDS yn Wommels traine hie SDS eins ek in “man fan alles” noadich yn Wommels. Nei de Kenniskwis fan forige wike die bliken dat Lolke Hofstra fan fuotbaljen in soad ferstân hat. Hy is dan ek de oangewezen persoan om dit op him te nimmen. Lokkich genôch fûn hy dit wol wat. Lolke soarget der no foar dat eltse wike de ballen oppompt binne, de ljochten klearsteane en noch folle mear. Super!