Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
8 april 2007
SDS League: Henk Postma pakt wykpriis!
10 april 2007

Keepersclinic
Woensdagavond 11 april a.s wordt op de Skoalleseize een keepersclinic gehouden voor de F’s t/m A’s. 19.00 uur d
oor Rudi Hobbenschot. Iedereen is van harte welkom.

25 jier lyn
10 april 1982 dat wie op in sneon. Ek doe wiene der útsjitters yn de natoer. Wij lêze yn de Treffer fan doe dat it fuotbaljen foar in grut part ôflast waard fanwege  ……snie.

The Battle Returns!!
It spektakel ‘The Battle of the Sexes’ fan ferline jier is fêst noch net fergetten. De striid tusken de man en de frou, tusken de mannen fan SDS 1 en de froulju fan CoVOS 1. Mar no komt der in ferfolch: The Battle Returns!!
Kommende snein 15 april 2007 fanôf 17.00 oere sil der lykas ferline jier wer in prestigestriid plakfyne yn sporthal ‘De Greidhoeke’ yn Easterein. Wer’t de foariche edysje yn it teken stoen fan de striid tusken de man en de frou, dêr sil no de krêften bundele wurde. Der sil in follybaltoernooi spyle wurde wer’t in man koppele wurdt oan in frou. Sa sil dúdlik wurde wa’t it best koppel foarmt en wa der tegearre hielendal neat fan bakke. Der geane no al geruchten dat der inkele fuotballers sowieso yn de twadde category falle sille…..
Nei ofrin fan it follyballen sil de video ‘fan The Battle of the Sexes 2006’ toant wurde yn’e sporthalkantine. Eltsenien is fansels fan herte wolkom om dit barren by te wenjen.
Dirk-Yde Sjaarda

Vanden Bussche
It goeie antwurd op de judofraach fan Tjerk van der Pol wie yndie Brian Vandenbussche. 6 jier wie hij doe’t er kampioen fan Belgie waard.

SDS League
As it meisit dan kinne jim hjir jûn de nije stân ferwachtsje.

Aaipop
Hawwe de SDS’ers harren wat gedroegen juster op Aaipop? Sjoch foar de foto’s op de webside fan JRF(klik hjir).

Gerard hat him (sa as altiten) netsjes gedroegen.

Allinne

Fuotbalje is leuk. At je it mar mei oaren dogge. Want alinne ferfeelt it gau. Dat hie
dit jonkje al gau yn de gaten en hij die der wat oan.

Nummer 14
Op de webside fan Het Parool steane fjirtjin útspraken fan van nummer 14. Kies de leukste út en je kinne in pryske winne(klik hjir).
1. Elk nadeel hep z’n voordeel
2. Je moet schieten anders kun je niet scoren
3. Als ik zou willen dat je het begreep, legde ik het wel beter uit
4. Italianen kennen niet van je winnen, maar je ken wel van ze verliezen
5. Ik maak eigenlijk nooit fouten, want ik heb enorme moeite me te vergissen
6. Voordat ik een fout maak, maak ik die fout niet
7. Je gaat het pas zien als je het doorhebt
8. Je kunt beter ten onder gaan met je eigen visie dan met de visie van
een ander
9. Voetballen is simpel, maar het moeilijkste wat er is, is simpel voetballen
10. Je moet Manchester de doorslag van de twijfel geven.
11. Toeval is logisch
12. Hun verdediging op rechts was een geitenkaas
13. Ajax is een slangentuin
14. Ik ben overal tegen. Tot ik een besluit neem, dan ben ik ervoor.

Nijs?
Mail it nei
ús!