Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
7 april 2007
Wepperkes -tiisdei-
9 april 2007

Ferrassende útslach
Ferline tiisdei wiene wij tsjûge fan de kampioenswedstryd fan Flevo Boys 2 tsjin SDS 2. Neffens ús wie de einstân 0-2. It kin wêze dat wij iets te folle ôflied wiene troch de peallen foar de nije kantine, want dit stiet hjoed op de webside fan de KNVB.



Kinne wij de doelpuntenmakkers noch efkes trochkrije?

Lui
Sa’t jim witte binne wij de luie kant it neist. Alteast wat ferslaggen meitsje oangiet.
Wij binne dan ek bliid dat kollega wepmaster Sjouke Walinga fan ONT wol wat opskreaun hat fan dizze wedstryd. It ferslach kinne jim
hjir lêze.

Floris syn feessie
Sneon spile Floris Hiemstra syn 400ste wedstryd foar SDS1. Wij hawwe noch wat foto’s fan de wedstryd tsjin ONT mei in heech Floris gehalte. Sjoch
hjir

Judokampioen
Wij krigen twa reaksjes op de fraach fan Tsjerk van der Pol hokker eredivysje doelpman judokampioen west hat.
Neffens Oebele Anema wie it
Brian Vandenbussche en neffens Emiel Petra (spiler D3) wie it Benjamin Gomes. Wij wachtsje efkes it goeie antwurd fan Tsjerk van der Pol ôf, mar it liket ús sa ta dat Vandenbussche seker goed is.

Joast
Juster hiene wij it oer
Joost en dy brochten wij yn ferbân mei Tineke Kamstra. Dat wie fansels net goed. Gelokkich seach mem Immie dit en sij reagearde:
Tineke Kamstra mei dan miskien net witte wêr ’t Joast wennet, sy hat wer oare kwaliteiten (pokerje of sa?), mar de measte minsken witte wol dat se NET yn it bestjoer sit. Foar Joast of ien fan dy oare grapkemakkers is der wol in funksje  yn it bestjoer hjer. Jimme kinne jim altyd melde. 
Gr. Immie

Aaipop
Peaskemoandei betsjut foar ûngefear de helte fan de SDS leden (senioren en A-junioren) it
Aaipopfestifal. Wa’t fan Fryske muzyk hâldt moat dêr hinne. Wa’t der net fan hâldt, mar wol fan gesellichheid en bier mei ek net misse.
It is de twintichste kear en dat sille se witte.
hspace=0
In teasjurt hawwe se yn yn alle gefallen al binnen.

SDS 6 ferliest mar skoort twa kear
It is fansels ferfelend om altyd te ferliezen, mar dochs soene wij graach troch ha wolle wa’t de twa doelpunten sneon makke hat.

Útslagen
Wy krigen fannemoarn noch 2 útslagen binnen fan Enne Jehannes Bruinsma fan ôfrûne sneon:
CVVO F2  SDS F1 2-0
RES F2     SDS F2 7-1

16 foto’s
Yn de Treffer fan april stiet in fotokollaazje fan 16 jeugdspilers fan SDS. Wij hawwe de earste oplossingen al binnen fan de jeugd. Wij hoopje dat mei namme de jeugd ús mailt wa’t dit allegear binne.

Nijs?
Mail it nei
ús!