Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -snein –
17 oktober 2004
Foarbeskouwing SDS-WPB
20 oktober 2004

Foarbeskouwing SDS-WPB
Moarn kinne jimme hjir in foarbeskouwing fine op de derby fan sneon, SDS-Waterpoort Boys. Dizze foarbeskouwing komt fan ien fan de spilers fan WPB. Wy binne benijd as wy ek noch in foarbeskouwing krije fan ien fan de spilers fan SDS 1.

Op ‘e fiets út Snits?!
Hjir efkes in berjochtsje fan’t front fan de W.P.B-ers. Sa’t jimme witte is sneon de “kreaker” yn Easterein tsjin de mannen út Snits. No ha ik heard dat de hiele seleksje op’e fyts nei Easterein sette sil. Dit op oantrúnjen fan Richard de Jong en trainer Erik Schuitemaker. De lêste wedstriiden koene yn blessuretiid de punten pas pakt wurde. De mannen komme wat traach op gong….. Hjir moat feroaring yn komme, dus op’e fyts en….Richard had de route útstippele. Se sille 12 oere op’e fyts stappe. In pear stikjes bôle en energie drink yn’e tas foar underweis. Lâns de gersdroecherij nei Reahûs. Dêr wurd by de brêge de taktyske besprekking hâlden. Nei de bôlle en it drinken, op nei de pôle, om de fyts del te setten. Bij Feyten sil der omklaaid wurde. Om 2 oere wurd de reis yn looppas fuort setten. By’t  dophok wurde de lêste puntsjes op de ‘i’ setten. En dan yn ien lange sprint oer  it brechje by Tinus en Tiny nei de fuotbalfjilden.De skiedsrjochter is op’e hichte brocht. Oft hy de blau-giele mannen oankommen sjocht, blaast hy op syn fluit en de striid kin begjinne.
Succes mannen!!

Frij?!
Alle bêrn hawwe dizze wike frij fan skoalle en dus alle tiid om te fuotbaljen. De KNVB hâldt hjir rekken mei en sawol ôfrûne as kommende sneon binne (hast) alle junioare- en pupillenteams frij. Allinne SDS A1 en B1 hoefe te fuotbaljen foar de kompetysje. Beide spylje út.

Net frij
Sneon wurdt der yn Easterein al oefene troch inkelde jeugdploegen. Sa is der in oefenwedstriid om 11.00 oere tusken SDS B2 en SDS C1 op it B-fjild. Skiedsrjochter is Enne Jehannes Bruinsma.

Goed op ‘e bealch
SDS A1 kin wol wat punten brûke. Sneon spylje
sy út tsjin RES. Sy sille yn Bolasert de punten net kado krije. De Boalserters sille koste wat it koste winne wolle en krije dizze wike alfêst goed op ‘e bealch op trainen. RES A1 ferlear sneon noch mei 5-0(!!) in oefenwedstriid tsjin RES B1(!).

Netsjes
Wy koenen mar noait in krease foto fan Dirk(sis Durk) de Jong op it ynternet krije. De mannen fan it Dophok betochten hjir wat op en gienen mei syn allen nei de kapper yn Grou sadat Dirk(Durk) ek wol moast. Jimme kinne it rissultaat sjen fan alle jonges as jimme hjir klikke. Hjirûnder Dirk(Durk!).
 Kreas knipt!

Futsal
Dizze wike wurdt der ek wer yn ‘e seal balle. SDS 1 mei woansdei om 21.00 oere út tsjin Heerenveen 2 fuotbalje. SDS 2 spilet woansdei om 20.00 oere thús de derby tsjin RES. SDS 3 spilet út tsjin Renado.

25-jier trout!
Troue supporters fan SDS, Jan en Geeske de Jong(ex-Casper) belibben juster in bysûnder jubileum. De heit en mem fan Akke, Hendrik en Dirk wiene juster 25 jier trout. Fan herte lokwinske!

CSL wint oefenwedstriid fan SDS
Yn in oefenwedstriid yn Jelsum tsjin CSL út Stiens hat SDS mei 5-4 ferlern. Neffens ús ynformant begie it allegear wat te slop wat in efterstân fan 4-0 oplevere. Je soene sizze: SDS kaam goed werom. Doelpuntenmakkers: Dirk Yde, Harm, Tsjipke en Gert Jan???
Trainer fan CSL is Kees Jansen.

De SDS League
Soe Gearard van Asselt noch boppe-oan stean yn de SDS League? Stiet S.S. noch stiif ûnderoan? Ik haw gjin idee! Moarn kinne jimme hjir de nije stân wer fine.

Flupke is fuort!!
Sjoerd van Beem(SDS 3) syn kat (Flupke) wurd vermist. Wy hawwe in foto krigen mei syn wierskynlike ûntfierder. Is der ien die Flupke signaleert hat, doch dan a.u.b. bericht, Sjoerd is aardich fan slach!!!

Flupke mei de mooglike ûntfierder.