Wepperkes -tiisdei-

SDS D1 is kampioen!
12 mei 2004
SDS League: Sjoukema ûnderút!
12 mei 2004

3A of 3B
SDS 1 kaam dit seizoen út yn de 3e Klasse B. Neffens guon minsken wie dizze klasse minder sterk as de 3e Klasse A. Hjiryn spilen ûnder oaren QVC, Balk en Oeverzwaluwen. No at de neikompetysje oan ‘e gong is kinne je moai sjen welke klasse no echt better wie. Wat docht no bliken? Alle ploechen út de 3e Klasse A binne útskeakele en út 3B binne sy allegear noch yn ‘e race foar promoasje. Be Quick Dokkum, Wykels/Hallum en Bûtenpost gean dus troch. Sy skeakelen respectievelijk Oeverzwaluwen, Balk en ‘d Olde Veste út. Sneon is it Be Quick Dokkum-Bûtenpost en Hurdegaryp-Wykels/Hallum.

Nijland stunt
Eltsenien gie der yn it winterskoft noch fanút dat Nijland 1 wol degradeare soe. Sy stienen lêst yn ‘e 2e Klasse en it rommele dêr wat. Nei de winterstop pakte Nijland it dochs wer knap op en waarden sels twadde yn ‘e kompetysje. It toetje fan ‘e neikompetysje hienen sy dan ek wol fertsjinne. Sy soenen fêst’gau útskeakele wurde en folgend seizoen moai mei SDS yn ‘e 2e Klasse fuotballe. No is Nijland allinne noch hieltiten yn ‘e race om promoasje. Juster ferlearen sy mei 3-2 fan Eems Boys. Thús hie Nijland mei 2-1 wûn en nei penaltys gean sy troch. Sneon spylje sy no thús tsjin VEV ’67. It sil dochs net…..?

Wat wie de boete??
Wommels: rijden onder invloed

Vrijdag om 00.05 uur reed een 22-jarige automobilist uit Easterein. De man werd gecontroleerd. Hier bleek dat de man had gedronken. Op het bureau blies hij 315 ug/l, goed voor een rijverbod van twee uur.
Dit stie sa ’n 3 wiken lyn op de webside fan Plysje Fryslân. Wy witte no wa at dit wie. No binne wy noch benijd nei de hichte fan ‘e boete. Dizze hat de dieder al yn ‘e hûs. Hawwe je in idee hoe heech as de boete wie en werom mail dit dan efkes nei 
info@vv-sds.nl.

De lêste training.
Justerjûn hienen de A- en B-seleksje foar it lêst trainen dit seizoen. Wêr de bêrn patat en in glês kola krije as sy kampioen wurde, soarchje de heren fan SDS 1 en 2 altiten goed foar hun sels. Trainer Kees Jansen hie foar sawol SDS 1 as 2 in kratsje bier meinommen (it wie syn lêste training by SDS) en Harm Stremler hie foar sjips soarche. Broer Wiebe krige al spyt fan syn beslissing om nei Bolswardia ta te gean.

Kampioen?
Sneon wurdt SDS F4 kampioen. Sy spylje sneon
om 10.45 uur út tsjin AVC F3. Yn Seisbjirrum kinne se de jirpels foar de patat wol fêst skile.

Kampioen?(2)
SDS D2 hat justerjûn mei 5-0 wûn fan Stiens D3. SDS
D2 spilet sneon om 12.15 thús tsjin Rood Geel D4. Foar de wedstriid fan juster stie 
D2 tegeare mei Geel Wit D2 oan kop fan ‘e ranglist, it doelsaldo fan SDS is better. (+ 9 t.o.v. Geel Wit). It is dus mooglik dat ek D2 kampioen wurdt.

Misser
Wy hawwe allegear wolris in grutte kâns mist. Dizze bal wie ek hast net te missen. Klik
hjir. As jimme my sizze kinne wa as dit is dan falt my dat neat ôf. Ik jou ien hint. Hy hat Dúts (it sil ek net) ynternational west. Mail it nei info@vv-sds.nl.