SDS D1 is kampioen!

SDS League: De ideale elf
11 mei 2004
Wepperkes -tiisdei-
12 mei 2004

SDS D1 is juster kampioen wurden yn Noordwolde by Olyphia troch mei 1-6 te winnen. Mei 22 punten út 9 wedstriden binne wy net mear yn te heljen troch Heech en Aldehaske. In útwreidich ferslach komt noch!
 
18.45 stapten we út de auto nei in eintsje omriden. Ja sa faak komt men net by in klub as Olyphia. In strieminne earste helte mar de twadde helte alles goed makke. Miskien dat it eigen doelpunt fan ús robuste ferdigener Ludze de ommekear brocht.
Want dernei begunnen wy wer lekker te spyljen yn de kombinaasje en it ôfrunnen mocht der ek wêze. Doede, Jacob (2), Wytse (2) en Elger makken de doelpunten.
 
Doe we werom kamen stienen as grutte ferrassing alle âlders by de Sporthal. Harstikke moai minsken. EK tank oan it earste dat nei de lêste training D1 tasong. Black en white…we are SDS dynamite! Tige tank, nammens lieders, trainers en spilers. Ek tank oan de âlders dy mei ús mei wienen. Trije jongfroulju, Annette, Magda en Lenie. Nico de Ruiter ek tige tank. De prachtige giele Corvette mei 13 vedettes makke in earerûntsje troch it doarp.
Noch ien wedstriid tsjin Heech en giet dizze neijiers- en foarjierskampioen op nei it keatsseizoen!
 
Klaas Pompstra

Der is ûnderweis net ien út ‘e auto dondere

Dit is wer ris wat oars as mei trekker en wein

SDS D1 mei alle supporters op ‘e foto