SDS League: Sjoukema ûnderút!

Wepperkes -tiisdei-
12 mei 2004
Wepperkes – freed-
14 mei 2004

Boppe-yn is it net bot spannend mear. De Feenstra Boys (SF) steane mei noch ien wike te gean 18 punten foar op nûmer 2, Krek Net(RS). Dit liket my wol dúdlik. RS komt in hiel ein mar rêdt it …..

Tusken de nûmer 2 en 6 sit mar 5 punten. Hjir kin it dus noch alle kanten op. Der hoeche gjin wedstriden mear ynhelle te wurden, dus it giet echt om it lêste wykein.

Yn ‘e wike dat Knopper by SC Heerenveen sjen liet dat Ajax him net mear brûke kin, pkat “Knopper is in Topper” fan BD de wykpriis. In knappe wike foar de Dykstra’s, want syn broer die goeie saken ûnderyn de list.

De Kuijertjes(SS) hawwe de gang te pakken. Nei 11 wiken ûnderoan stien te hawwen, strande sy yn it sicht fan ‘e haven. FC Etex fan JPD nimt it in wike foar it ein fan de kompetysje it lêste plak oer. Je moatte mar rekkenje; de jeugd hat de takomst. It sil ús benije as de Kuijertjes it dochs noch oprêde en de klompe in wike foar it ein net yn it kipehok smite. 

Groetnis, Willem.

Foar de nije stân, sjoch hjir;
wike 12