Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
3 december 2006
SDS League: Zwart/Wit pakt de wykpriis!
7 december 2006

Ynhelprogramma
Op sneon 16 desimber is der in ynhelprogramma. Juster koenen jim al inkelde wedstriden lêze dat dy dan binne. De KNVB hat der noch in pear by komme. Sa spilet SDS 1(lykas SDS 2) dan ek thús. Sy spylje dan tsjin Be Quick Dokkum. SDS 3 spilet dan ek thús en wol om 12.15(en dus net 14.30) tsjin Makkum 2. Klik
hjir foar it hiele programma fan sneon 16 desimber.

Futsal: SDS 1
Wer net folle sealfuotbaljen dizze wike. SDS 1 spilet woansdei om 20.30 thús tsjin Dalen 1. De muoite wurdich om efkes yn de sporthal te sjen.

SDS League
Woansdei kinne jim hjir de nije stân besjen fan de SDS League.

De Treffer
De nije Treffer is wer klear. As it goed is dan leit der ein fan dizze wike by jim troch de bus.


Energie voor Oranje
Christian Zijlstra hat him fia de webside www.energievoororanje.nl opjûn foar de  ballenjongeseleksje foar it Nederlâns alvetal. De KNVB hat him juster belle dat hy woansdeitemiddei nei Grins komme mei om mei te dwaan oan dizze seleksje. Wy binne benijd hoe ’t dit fierder gean sil.

Kwisfraach
Omdat wij yn de wike fan de kwis sitte, smite wij alfêst mar efkes in fraach yn de rûnte:
“Wat is de oerienkomst tusken Attie  en Marcel.”?
De famylje Frankena en Scheltema binne útsletten fan dielname. Mail jim antwurd nei
dit adres.

Noch in kwisfraachje
Wat is de oerienkomst tusken Jos, Martin, Friso, Andries, Rinse, Skelte, Rudmer, Bauke en Joris. Foar de earste dy’t  dit goed hat (en wij sjogge wannear it bij ús binnen komt) hawwe wij noch in moai jubileumboek.  Mail jim antwurd nei
dit adres.

Harsens derby(34)!
Hééé, oplette(klik hjir).


Letter mear!