Wepperkes -moandei-

De Skoalleseize oan it wurk
3 september 2006
Wepperkes -tiisdei-
4 september 2006

Net yn sliep
Wij fregen ús ôf wannear de SDS-ers yn sliep fallen binne bij de wedstryd Nederlân tsjin it altyd lêstige Luksenburg.
Ien man is net yn sliep fallen: Stoffel, want hij skriuwt:

“ik bin perfoarst net yn sliep fallen want dy por yn de ribben hie my hielendal yn ‘e macht. 
Ik doar ek net te sizzen dat ik de hiele wedstriid sjoen ha want mei in horde bern en in leave frou thús, moat der ek wol ris wat oars sjoen wurde en om spesjaal foar sa’n wedstriid al op bêd lizzen te gean wie a: gjin opsje want it sil wol neat om ‘e hakken ha en b: ik koe net lizze. It stean gie my noch it maklikste ôf. 
Sels de keatspartij yn Hartwert foar pearkes ha ik hjirtroch ôfsizze moatten.
 
Programma
Dizze wike binne der noch meardere bekerwedstriden. Sa as jûn E1  (ferlern mei 0-6) en F1 (ferlern mei 1-2). Sij spylje thús. Sjoch bij agenda, want dêr kinne jim altiten it nijste programma fan de KNVB fine fan dizze en kommende wike.

Futsal
It sealfuotbaljen giet ek wer los. Woansdeitejûn spilet SDS 1 thús om 20.00 tsjin RES 1. SDS 2 spilet tiisdeitejûn út tsjin Workum 2 en SDS 3 spilet woansdeitejûn út(??) tsjin Workum 3 yn de Greidhoeke yn Easterein om 21.00. Al dizze wedstriden binne foar de beker.

Futsal 2
It 2e sealteam fan SDS hat fan ’t simmer goeie saken dien op de transfermerke. It is harren lukt om 2 Sjoerdten te strikken. Sawol Rispens as Van Beem binne ynsetber kommend seizoen.
 
Sjoerd en Sjoerd

Net futsalle
Sjoerd van Beem liket op it heden mei syn haadrol yn “Alles út” út te groeien ta in Fryske Stjer. Hjoed stie der in stik oer him yn de Ljouwerter Krante. Jammer genôch wie de reden foar dit artikel wat minder lokkich(klik hjir)……. Dat sealfuotbaljen wurdt dus earst neat.

Futsal reserves
4 SDS’ers steane kommend seizoen op de reservelist om te sealfuotbaljen. It giet om Jaap Toering, Erik Haitsma, Floris Hiemstra en Ids Boersma.

SDS League
Jim hawwe noch 12 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
 
Buro Renkema
It wie min mei de spilers fan van Basten. It wie krekt of hiene se de kop der net goed bij.  It wie krekt of wiene se mei oare saken dwaande. Dat wie ek sa!!!