Wepperkes -moandei-

Heuken op Skylge
27 augustus 2006
Wepperkes -tiisdei-
28 augustus 2006

Gjin trainen!!
Alle trainen van SDS en KF kan niet door gaan vanwege de overmatige regenval van vandaag. ca. 35 mm. Het is dan ook niet toegestaan om vandaag 28 augustus gebruik te maken van de velden. Morgenmiddag 16.00 h zal opnieuw gekeken worden naar de conditie van de velden, waarna weer een bericht via de mail zal worden gegeven aan de betreffende verenigingen.
 
Het bestuur stichting sportpark “de Skoalleseize”

Reklameboerden
Wa ’t jûn nocht hat mei Enne Jehannes wol efkes helpe mei it ophingjen fan nije reklameboerden rûn it fuotbalfjild. Hy begjint om 19.00. Je hoege allinne in goed sin mei te nimmen en efentueel in boormasjine sûnder snoer.

Keninklijk
Feite de Haan die sneon net mei by SDS 1. Hy hie de hiele dei al keatst. Dit wie al de muoite wurdich(klik
hjir).





Feite de Haan sneon “keninklijk” yn Wommels.





Foutsje
Willem Overal wiisde ús op in lyts foutsje yn it bewarnûmer fan de Treffer. SDS futsal 1 komt net út yn de 1e-Klasse mar yn de Haadklasse. Willem, bedankt!
Ek mist der ien reklameboerdsponsor yn de Treffer. Dit sille wy fan ‘e wike goed meitsje op de webside.
Komme jim ek foutsjes tsjin yn it bewarnûmer mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl!

59 jier!
It is wat oan ús foarby gien mar 10 augustus j.l. bestie SDS 59 jier. Folgend jier dus 60 jier. Dit sil dan al fierd wurde. En wol op sneon 25 augustus 2007. Noch in lyts jier wachtsje dus op in feestje.

Droech
Foarige wike snein reinde it flink op Lowlands. De SDS’ers wienen der net bot op klaaid mar koenen lokkich genôch noch in mobile tinte op ‘e kop tikje.

Klaas, Dennis, Ype, Willem, Kees en Albert yn in wiete polder.

Amateurvoetbalspel?
It amateurvoetbalspel is ek wer fan start gien. It is al wat dreger as foarich seizoen. De Wijd en Zijd docht net mear mei wêrtroch der gjin Fryske wedstriden mear op it formulier komme. Dus as je goed op de hichte binne fan kompetysjes mei klups as; Pekelder Boys, Heiligerlee, Damacota, Protos, Alteveer ensfh. meldt je dan oan by Amateurvoetbalspel.nl.

Klassieker
Roy Makaay miste dit wykein foar Bayern München in bal foar iepen goal. Deagewoan om ’t hy de ferkearde foet brûkte. Lit eltsenien hjir wat fan lere. Hjirby is dit filmke fan Makaay no al in klassieker(klik hjir).