Wepperkes -tiisdei-

Wk nei 32 wedstriden
19 juni 2006
WK nei 36 wedstriden
20 juni 2006

Fuotbalje
Wa ’t jûn efkes nocht hat om te fuotbaljen kin om 19.00 terjochte op it fuotbalfjild yn Wommels. Henk, Mark, Rudy, Ate-Feike en Willem binne der sawiesa ek en hooplik noch mear.

Op ‘e tandem
Ferskeidene SDS’ers hawwe pinkstermoandei de 11stêdentocht fytst. Sybren Wesselius en Ids de Boer foelen wol it measte op.

Je herkenden se al fan fieren.


Yn Boalsert waarden sy lyk opfongen troch (mem) Klaske Wesselius.

Oantal giele kaarten
Wy binne no eksakt op de helte fan it oantal wedstriden op it WK. Der binne no al 167 giele kaarten ferjûn. At dit sa troch giet komme wij út op 334 kaarten totaal en dan binne allinne de folgende dielnimmers noch in lyts bytsje kânsfol foar wat ekstra punten yn de Wk league:

Gerrit Koudenburg 270
Sytze Jorritsma 273
Wybren Jorritsma 277
Meinte Wesselius 302
Namkje Koudenburg 304

Hegere foarspellings binne der net.

Kompetysje-yndielings
De kompetysje-yndielings foar SDS 1(fjild en seal) binne by ús bekend(sjoch hjir). Mocht ien op de hichte wêze fan de kompetysje-yndielings fan oare SDS-teams mail dit dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Argentinië
It soe best wêze kinne dat Nederlân moarn flink oan de broek kriget fan Argentinië. Hooplik foar Nederlân docht Lionel Messi dan ek net mei by de Argentijnen. It soe hielendal dreech wurde as Sergio Agüero(Independiente) meidwaan soe(klik hjir). Dizze (safolste) “nije” Maradona is lokkich genôch net selekteare.

Trije hûnen?
Nei de training juster fan de Braziliaanse seleksje yn Dútslân waarden der 3 hûnen op in Dútsk plysjeburo ôflevere mei de fraach fan wa ’t dy hûnen wiene. Wy hawwe gjin idee(klik
hjir).

It sil je mar gebeure!


Letter mear!