SDS 4 op stap
14 mei 2006Wepperkes -tiisdei-
15 mei 2006Eindelijk
De futsallers fan SDS 2 kinne harren klearmeitsje foar de kampioenswedstryd. De wedstryd tsjin Old Forward is troch de KNVB fêststeld op woansdei 24 maaie om 19.30.
Ferslach fan SDS 3
Hast alle spilers fan SDS 3 hawwe oan de beurt west om in stikje te skriuwen. Lêst mar seker net it minst is Auke Buck Hiemstra. Syn relaas kinne jim hjir lêze.
Harm Clarencesluier
It is him wer slagge. As earste SDS’er komt hij foar de twadde kear yn de Clarencesluierklassemint. Harm Auke Dijkstra. Wij sille de regels noch efkes útlizze om gjin misferstannen te krijen. Bij trije miste strafskoppen komt er in strafskoppeferbot fan it bestjoer en moat de redaksje trakteard wurde op in bierke.
Harm Auke Clarence Dijkstra mei sigaar!
Doelpuntenmakkers
SDS 1, 2 en 5 skoorden net dit wykein. Bij 4 en 5 makken se beide 2 doelpunten. Ype liket mei noch twa wedstriden te gean foar SDS 4 ûnbedrige te winnen. Harm Auke hiel goeie saken dwaan kind troch ek syn strafskop der yn te lizzen mar faalde hopeloas. De komplet list kinne jim hjir sjen
Wêr is myn tillefoan (1)
It wie in tige slagge feest sneontejûn hawwe wij heard. Ek de jeugd fan Sabetocht fermakke harren skoan. Bij it nei hûs gean is it fansels altiten noch in hiel ein rinnen nei de fyts. It moat ek efkes wenne dat rinnen, at je salang sitten ha. Je nimme de bochten wat breder, je sjogge gjin paad mar wol gers en je nimme de koartste route want úteinlik in hiele lange route blykt te wêzen. Je falle in kear om , je geane wer stean en je falle nochris en je geane wer stean want it leit net echt noflik.
Wêr is myn tillefoan (2)
Sa komme je bij de fyts en witte dat je in pear bochten te gean hawwe foardat je op in moai rjocht fytspaad nei Wommels ta kinne. Der stiet fansels wol krekt bûten Easterein in pleats mei in tún krekt wat te folle op it fytspaad, en at je dêr efkes de goeie faltechnyk tapasse is der neat oan de hân. Uteinlik binne je net allinne en je sjogge de oaren sa no en dan ek omfallen.
Je komme wer goed thús mei in goed sin want je hawwe as gastspiler mei SDS 4 mei dien tsjin Hielpen en je hawwe goed spile.
Wer is myn tillefoan (3)
De oare moarns dan binne je noch net echt super fit mar je wolle dochs wol graach efkes SMS-ss. At je je tillefoan dan net fine kinne, dan hawwe je de heldere geast al gau wer en tinke je dat de tillefoan út de bûse rûgele is bij ien fan de fallen. In reiske nei dy ferfelende pleats en efkes sykje yn de berm is it beste wat je betinke kinne. In oare tillefoan mei sadat je mooglik de tune “als de nacht verdwijnt” yn de berm heare en je de eigen tillefoan werom fine kinne. At dat net slagget dan hawwe je it smoar fansels yn want wat binne je no sûnder tillefoan.
Dêr is myn tillefoan!!
Bliid, wat sis ik hartstikke bliid binne je at dy oare tillefoan oergiet en je sjogge dat je kontakt hawwe mei je eigen tillefoan. “Mei Abe Jan”, wurdt er sein,”Ik haw hjir op it trainingsfjild in tillefoan fûn dy leit hjir normaal sprutsen net.”
Sa is de tillefoan fan Gerlof Jan dochs wer telâne kommen.