Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
27 februari 2006
Wepperkes -woansdei-
28 februari 2006

SDS A1 Frysk kampioen spulrigelkennis!


Freedtejûn binne Sybren, Feiko, Geert en Bauke nei it Frysk kampioenskip spulrigelkennis west. Dit wie in grut sukses; sawol it yndividueel as ploegenklassement waard wûn troch S.D.S. Sybren en Feiko hiene de heechste skore fan´e jûn. Beide hiene 93 punten fan de 100. Fia in barrage-fraach waard Sybren Frysk kampioen. It ploegenklassement wie iets dreger mar ek dit wûnen we mei in dikke foarsprong. It wie wol dúdlik wa leard hie en wa net. We moatte no op 10 maart nei Emmen ta foar it noardelijk kampioenskap. Hjir ride we net foar neat hinne. Klaas en ik geane der fanút dat der in soad blokt wurd troch de jonges. Misskien dat Bauke en Geert noch efkes mei Douwe Dirk om´e tafel kinne.
Útslach:
1 SDS          (321 punten)
2 Oudehaske (219 punten)
3 Wispolia     (202 punten)
Groet, Klaas en Marco


Ferkearde Wommelsers
Ferline wike lieten wij in ferslach sjen út 1971. It gie om in wedstryd fan Lollum tsjin Wommelser. Bij Lollum diene Anne Brouwer  en Appie Posthumus mei. Sij skoorden beide en dêrtroch wûn Lollum. Tidens dizze wedstryd gedrogen de Wommelsers harren net sportyf (de bal waard yn de beantsjes skopt en ien spiler gie earder nei de brûs) Wij wiene benijd wa’t dizze ûnsportive figuren wiene.
Wij binne hiel bliid dat de skriuwer fan it stikje fan 1971 him melden hat: Sjoerd Postma, want ek hij fuotballe mei bij Lollum: Hij wit ek noch wa’t it wiene: Riemer Tamminga en Pieter Sisi (Sieswerda). En dêrmei is de iene, wat âldere wepmaster tige bliid, want ek hij wie ien fan de kandidaten.
De beide ûnsportive hearen út Wommels wenje fansels net mear yn Wommels. Beide hearen hawwe ek bij SDS fuotballe.

De beste
Fan de famylje Plantinga krigen wy in tip oer wa ’t de nije parsefoarljochter wurde moat fan SDS:
Geart Hiemstra is de juiste man hiervoor!!! ver weg de beste ,!!!!

Oeral troue
Neffens de berjochten meie je no oeral yn Littenserdaiel trouwe. Dat hoecht net perfoarst mear op it gemeentehûs. Wij binne benijd hokker SDS-er it strafskopgebiet, de dugout of de klaaiboks útsiket.
Want krije sommige hearen soms te hearen:  it liket wol datst mei SDS troud bist?

Spitich
Wij bliuwe it fansels spitich finen dat in fuotballer fan Nijlân dy’t yn it hert fan Wommels wennet, net bij SDS fuotballet. Oars hie hij no ek yn
dit klassemint stien.

Oranje Nassau
Op de
side fan Oranje Nassau wurdt sprutsen oer in saaklike oerwinning op SDS. It ferslach is wat subjektyf mar dêr tsjinoer stiet wol dat se wol wat aardige foto’s op setten hawwe.

Nije keeper
SDS hat in nije keeper op it each. Dit is him. Hy pakt de ballen it leafst mei ien hân. Hy is skouten troch Enne Jehannes op it ynternet.

Ek in bytsje swanger
De frou ferwachtet fan de man dat hy in bytsje mei har meilibbet as sy swanger is. Jan Stenekes libbet him hielendal yn dizze rol yn en liket dan ek heechswanger.

Hoe ’t Jan swanger rekke is dat kinne jim hjir sjen……..