Wepperkes -moandei-

SDS 1 ferliest spilers en punten
25 februari 2006
Wepperkes -tiisdei-
27 februari 2006

Stil!
De earste 10 minuten wie it snein erg stil by SC Heerenveen-NAC. Dit wie net om ’t Gearard Posthumus der net wie, want hy wie der gewoan. Hy hie dan ek net in stadionferbod krigen. It soe al samar kinne neffens Nieuw Noord en dêrom wie der in protestaksje. Wêr dit allegear om gie kinne jim hjir lêze. It begjint mei in brief fan in supporter oan SC Heerenveen, hjirnei in brief fan SC Heerenveen oan Nieuw Noord en ferfolgens in reaksje fan Nieuw Noord oan SC Heerenveen.

De Treffer
Efkes net folle weppers y.f.m. drokte mei de nije Treffer. As alles goed giet dan leit der ein dizze wike by jim yn ‘e bus.

Stamford Beach?
It fjild fan Chelsea lei der net best by yn de wedstryd tsjin Barcelona. Op de Belgyske tillevysje hienen sy it dan ek net oer Stamford Bridge mar Stamford………Beach.

Sponsorboerden
Troch de kjeld is Enne Jehannes sneon net fier kommen mei it ophingjen fan nije reklamebuorden. Hy hat him foarnommen der sneon wer om 8 oere te wêzen. Wa komt him helpen?

Fakansje
Jan en Sjoerd hienen foarige wike fakansje. Sy hawwe harren tiid nuttich besteden(sjoch hjir).

It sit net mei
It sit de futsallers fan SDS 1 it hiele seizoen al net echt mei. Sy hawwe de measte wedstriden best goed fuotballe mar úteinlik geregeld dochs krekt ferlern. Sis mar krekt as tsjin Foarút thús foarich seizoen. Sjoch hjir mar.

Moarn mear!