Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
27 februari 2006
SDS League: De Knapste Jonges pakke alwer in wykpriis!
1 maart 2006

Marcel giet foar SDS
It wie foar Marcel Frankena fansels net in drege kar: kieze tusken Cambuur en SDS. Wat it takem jier wurdt kinne jim
hjir lêze.

Futsal: SDS 1 nei Heerenveen
SDS 1 spilet jûn yn de Telle tsjin SC Heerenveen 2. SDS 1 mist noch al wat spilers. Robert, Harm, Feite en Tsjipke(noch net wis) binne der net. Spilers fan SDS 2 sille dizze plakken ynnimme.

Futsal: SDS 3 thús
SDS 3 spilet jûn om 20.30 oere thús tsjin LSC 1890 3.

SDS League
Letter hjoed de nije stân hjir op de webside.

De Wave
By it WK-fuotbaljen fan ’t simmer sil de Wave regelmatich troch it stadion gean. Yn de States oefenje sy al foar in spesjale dúts-bier-wave. Sjoch hjir mar ris.

Wa stiet hjir op it doel?
Der binne fan dy ûnderskiedende dingen dy’t bij bepaalde minsken heare. At je sa’n bûsdoek yn it doel hingje sjogge dan kin der mar ien de doelman wêze. Soe hij al yn training wêze foar takem jier. Wa keart hjir de ballen?
Mail it ús


Letter mear!