Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
19 oktober 2006
Wepperkes -snein-
21 oktober 2006

Moarn yn it nijs
Hat SDS 6 wûn? Nee !!!
Wa gie mei de brankard fan it fjild bij SDS 5?  Marcel !!!
Hat SDS AB wûn of BA?
Nij: it tikkie terug klassemint.

SDS1 op foto

Lieder Anne Brouwer hie fannemoarn in flinke put. Hij hie de resjy fan de fotosessie fan SDS 1. En omdat de kleankast dan de A-seleksje noch al grut is, wie it in hiele omklaaierij. Snein kinne wij it resultaat sjen litte.

Meinte Sixma toernooi
Sneon 21 oktober is it Meinte Sixmatoernooi. 
Meinte Sixma hat him yn de 50-tiger en 60-tiger en 70 -tiger jierren tige fertsjintlik makke foar SDS. Fuotballer, bestjoerder en de man yn Wommels dy’t mei syn frou de Toto die. Ek hat er noch in skofke trainer west fan SDS 1. De famylje fan Sixma stelt alle jierren de prizen beskikber foar dy bysûndere toernooi. It begjint 9.30 oere.
Wij hoopje letter hjoed of moarn wat foto’s binnen te krijen fan it toernooi.
 

Bekerje
It is dit wykein it bekerwykein. Foar SDS dogge allinne de feteranen fan SDS noch mei. Sij spylje yn it Fean tsjin Heerenveense Boys 6.

Draaiend rêd earm
Sneons nei de wedstryd fan it earste is der altiten draaiend rêd yn de kantine. Foar de measten in draaiend rêd fan (ûn) fortuin , mar ûndanks dat in tige nijsgjirrich spultsje wêr’t je lekkere fleisprizen, Muta sjurts of stiennen winne kinne. It giet er bij it draaiend rêd net om hokker briefkes je hawwe, mar om de draaier. In langsume draai, in draai mei effekt, in hurde draai, in wylde draai. Je moatte alle kearen wat oars betinke om alle willekar út te sluten. Popko Wijnia wie de lêste tiid draaier en syn fariaasjes binne op. Hij kin der net langer foar ynstean dat hij integer draait; boppedat krige hij wat lêst fan in draaiend rêdearm.  Dêrom stoppet hij. At er ûnderwilens al in oare draaier fûn is, is net bekind. De winnende en net-winnende lotsjes wurde noch altiten wol fersutele troch Akke Hulzinga, sij hat noch net lêst fan in sutelearm.

Tuskenstân
De jonkies en âldsjes traine tongersdei meielkoar en foaral tsjinelkoar. Der is no in kompetysje ôfpraten oan de kryst ta. Mei alle jûnen trije partijtsjes.
De tuskenstân nei ien jûn is 1 1/2 – 1 1/2. Want it gie yn it lêste potsje net om it winnende doelpunt. (Neffens Ype T. wie dat de earste kear yn syn trainingen dat it net om de winnende goal gie.)
Der stiet fansels in kratsje tusken. Bier wol te ferstean.