Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
20 oktober 2006
Wepperkes -moandei-
22 oktober 2006

SDS 1 op de foto
De A seleksje fan SDS is sneontemiddei op de foto kommen. Op meardere foto’s moatte wij sizze, want alle tenuen moasten der op.
It rissultaat fan dy foto’s kinne jim hjir sjen.

Ut de beker
SDS 5 (de feteranen) binne sneon út de bekerstriid wipt troch Heerenveense Boys. Nei 90 minuten stie der in flattearde 4-1 stân op it boerd. SDS kaam troch  Jacob Plantinga op 1-0 mar troch in eigen doelpunt fan B.B. waard it foar it skoft noch 1-1.
SDS hie de bettere kânsen mar at dy net benut wurde dan docht de tsjinstanner it wol. Of noch slimmer dan docht B.B. it gewoan noch in kear yn eigen doel. Einstân wie 4-1.

AB tsjin BA
Hjoed ha de seleksjes fan A1 en B1 efkes balle om 12.30 yn Easterein.De teams wienen troch inoar setten en dat joech in aardige wedstriid.
Der waard goed fuotballe mei in prima earste helte fan beide ploegen.
De twadde helte wie wat minder mar beide ploegen ha lekker balle en fan inoar leare kinnen.
Mei tank oan Enne Johannes Bruinsma foar it fluitsjen.
Skoareferrin: 1-0, eigen goal Jort, rêst 1-0, 1-1 Redmer, 1-2 Redmer, 1-3 Jelmer, 2-3 Sytze, 3-3 Vitor.
Hjir
it ferslach.

Net de dei fan ……
In pear wike lyn mienden wij dat it in insident wie: Yn eigen doel skoppe of koppe. Pieter Lieuwe van der Valk die it twa kear bij SDS 6, Stoffel Bouma skoorde ferline wike bij SDS 5 yn eigen doel en no wie it Bertus Bootsma dy kopte en skopte yn eigen doel. Foar ús oanlieding om de TikkieTerugTrofee yn te stellen.

Net de dei fan ……
Marcel Frankena hie in minne dei sneon 21 oktober. Earst moast hij mei de ploech op de foto en dat is net syn hobby. Ek passearde Bluaw Wit 1 SDS 1 op de ranglist troch Oeverzwaluwen te ferslaan. Mar it slimste wie dat hij bij de feteranen meifuotballe yn it Fean en dat hij mei in earnstige knibbel blessure útfoel. Mei de brânkar fan it fjild ôf en nei úfrûn nei it sikenhûs. Wat er krekt oan de hân is witte wij net mar dat syn karriere bij SDS bij ien wedstryd bliuwt is wol dúdlik. Foar de dúdlikheid: it wie net de knibbel mei de brace.

Hoe is it no?
Sneintemiddei krigen wij te hearen dat noch net hielendal dúdlik is wat der mei de knibbel oan de hân is. Moandei moat Marcel fierder dokterje. Hij kin der yn alle gefallen net op stean.

Yn de earste helte fleach Marcel hiel wat ôf en joech krekt oan wêr’t hij de bal ha woe…

Nei ôfrin waard hij klear taapt om nei it sikenhûs te gean.

SDS 6 hellet út
It gie noch net super mei SDS 6 mar dat hawwe se op ien sneontemiddei rjochtsetten. Tsjin VOG waard mei 8-0 wûn.
Topskutter wie Harm Auke Dijkstra. Hij skoorde 4 kear, wêrfan ien kear út in strafskop. Rudy Dijkstra, Bote Strikwerda, Willem Veenstra en Gerlof Veldstra wiene de oare skutters.
Foar de fluiterij wie Evert Tanja hielendal út Wommels weikaam. Hij hat aardich yn de middensirkel omwrotten hawwe wij begrepen.
Yn de folgende Treffer is in útgebreid ferslach fan dizze wedstryd te lêzen.

Konsintraasje bij grinsrjochter

Daan Boersma is regelmjittich de flagger bij SDS 5. Yn folle konsintraasje folget hij it spul.

Topskoorders

Harm Auke makke sneon 4 doelpunten. Yn it
totale klassemint stiet hij der goed foar.

In bybaantsje
Anne Brouwer hat mear bybaantsjes dan ’t wy tinke(klik hjir).

Tikkie terug Jaap klassemint 2006-2007

De lêste wiken wurdt er wol in hiele protte yn it eigen doel skoard. Dêrom moatte wij wol oergean ta it “Tikkie terug Jaap Klassemint”. Wij hawwe de foarlopige stân fan saken op makke. Mar witte jim noch mear eigen doelpuntenmakkers yn dit seizoen, dan heare wij it graach.
23 septimber – Sjoerd Rispens                   1
7 oktober  –  Pieter Lieuwe van der Valk      2
14 oktober –  Stoffel Bouma                       1
21 oktober – Bertus Bootsma                     2

Harsens derby(7)
Hearlik al dy frustraasjes yn dat skot(klik hjir).

Jimbar
Wa ’t net in seizoenkaart hat by SC Heerenveen en dochs genietsje wol fan in moaie fuotbalsnein kin terjochte yn de Jimbar mei û.o. fanôf 12.30 Feyenoord-AJAx.