Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
18 oktober 2006
Wepperkes -sneon-
20 oktober 2006

Seleksjes
By de senioaren hoefe moarn allinne SDS 6 en de 35+ te fuotbaljen. Miskien kinne wy jim hjoed letter de seleksjes melde. Dan moatte se noch al trochjûn wurde. Wa mailt se nei ús
?
Dúdlik is wol dat Marcel Frankena syn debút makket bij de feteranen en hij sil wierskynlik mei de brace nei efteren spylje wylst Durk Okkema mei de brace nei foaren spilet.
Ek Gerrit Terpstra sil sjen at er it nivo fan de feteranen oankin wylst goed-âld Eddy de Boer as ynfalpuntspiler meigiet.

Traine
SDS 1 sil moarn om 11.00 traine. Foar de training geane sy efkes mei syn allen op de foto.

Frij
SDS 2 is moarn echt frij. De spilers hoefe net te trainen en ek net op ‘e foto. Sy kinne dus moai mei de frou nei de stêd……….

Spiler fan it jier
Ek dit jier hâldt Marcel Frankena by SDS 1 it “spiler fan it jier-klassemint” by. Tseard Halbersma stiet op dit momint boppe-oan folge troch Dirk-Yde Sjaarda en Harm Stremler. Klik hjir foar de hiele list.

Op fakansje?
Bauke Dijkstra is der net hielendal wis fan as de famylje Scheltema wol echt ôfsetten is nei Mallorca. Dit mailtsje krigen wy fan him:
Ik seach dat de famylje Scheltema foartgien is nei Mallorca. Hjir leauw ik eins neat fan, ik ha de famylje Scheltema nammentlijk spotten yn Amsterdam doe`t se dwaande wienen mei harren fekansjewurk(sjoch foto).
Groetnis,
Bauke

Is dat Gerrit Hingst dêr op it terras?

Rollade
Marcel Frankena wûn sneon mei it Draaiend Rad yn de kantine in dikke rollade. Althans dat tocht hy. Doe ’t Marcel thúskaam smite hy syn tas mei de “rollade” op de bar. De frou foel hast fan ‘e bank fan de klap. Ynstee fan in dikke rollade siet der in dikke bakstien yn syn tas.

Dizze man hat sneon twa rollades wûn en hat foar de wissichheid de ferpakking der om wei helle.

Brouwer’s akkordeonorkest
Dit mailtsje krigen wy fan Johan de Graaf:
Hat Anne Brouwer stikem in hobby?
Understeande is te finen op de webside fan it Antonius sikenhus:
Zondagconcert met Brouwer’s akkordeonorkest
De succesvolle reeks zondagochtendconcerten in de hal van het Antonius Ziekenhuis te Sneek wordt 29 oktober a.s. voortgezet met een koffieconcert van Brouwer’s Akkordeonorkest
(klik
hjir).

Bin ik bliid dat ik snein frij bin…………

Skeakels
Wy binne der tige wiis mei dat wy taheake binne oan de “skeakels”(links) fan de webside fan de PW-leane fan Winsum. Dit is der op harren webside(klik hjir) oer ús webside te lêzen:
FUOTBALKLUP SDS
Neffens ús de moaiste, meast aktuele en meast humoristyske side fan de omjouwing, ûnderhâlden troch webstekhâlders Aant en Willem.

Harsens derby!
Dizze is spesjaal foar de keepers(klik hjir).